Yukon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 45:
==Ekonomy==
Fan âlds is yn 'e Yukon de [[mynbou]] de wichtichste sektor fan 'e [[ekonomy]], mei't der nei [[lead (metaal)|lead]], [[sink]], [[sulver]], [[goud]], [[asbest]] en [[koper]] dold wurdt. De ridlik grutte hoemannichten goud dy't der fûn wurde, laten oan 'e ein fan 'e [[njoggentjinde ieu]] ta de [[Goudkoarts fan Klondike]].
[[File:33.YukonsignYukon border sign.jpg|right|thumb|250px|In twatalich wolkomsboerd oan 'e grins fan 'e Yukon.]]
 
De oantinkens oan dy perioade en oan 'e iere dagen fan 'e [[Royal Canadian Mounted Police|RCMP]] (de Kanadeeske plysje, bekend fan 'e reade unifoarmjaskes), en fierders it natuerskientme fan it territoarium, hawwe it [[toerisme]] ta de op ien nei wichtichste sektor fan 'e territoriale ekonomy makke. Minsken komme der om rûnlaat te wurden troch goudsikersstedsjes as [[Dawson City (Yukon)|Dawson City]], en om te [[jacht (op bisten)|jeien]], [[angeljen]], [[kanojen]] en [[kajakjen]], [[kuierjen]], [[berchbeklimmen]], [[iisklimmen]], [[skyen]], [[snowboarden]], [[sniemobyljen]] en [[hûneslydzjen]]. Der wurde jiers frijwat kultuerfestivals en sporteveneminten yn 'e Yukon organisearre dy't dielnimmers en besikers fan oer de hiele wrâld oanlûke, lykas it ''[[Yukon International Storytelling Festival]]'', it ''[[Frostbite Music Festival]]'', it [[Dawson Music Festival]]'' en de ''[[Yukon Quest]]''.