Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 1 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2869658
DaProx (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Aldskou''' (''Nederlânsk: Oude Schouw'') is in [[buorskip]] yn de himrik fan [[Akkrum]], yn de gemeente [[BoarnsterhimIt Hearrenfean (gemeente)|It Hearrenfean]], likernôch healwei Akkrum en [[Jirnsum]].
 
It plak dêr't no Aldskou leit hat al ieuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fan 'e tiid tagong ta [[Snits (stêd)|Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.