Narvik: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
'''Narvik''' is in stêd en in [[Narvik (gemeente)|gemeente]] yn de provinsje [[Nordland (provinsje)|Nordland]] yn [[Noarwegen]]. It plak dat yn [[1902]] stedsrjocht krige, hie yn [[2005]] 18.512 ynwenners. Mei syn lokaasje op 68° [[Breedtegraad|noarderbreedte]] is er nei it [[Ruslân|Russyske]], krekt wat noardliker lizzende [[Moermansk]], de meast noarlike stêd yn [[Europa]] mei in spoarstasjon. Narvik leit oan de Narvik Fjord (''Ofotfjord''). De gemeente is part fan de tradysjonele regio Ofoten yn Noard-Noarwegen.
 
Narvik mei syn iisfrije haven oan de waarme [[Golfstream]], wie in spearpunt by de Dútske ynvaazje fan Noarwegen yn april [[1940]]. Ut Narvik wei koe izererts út it neutrale [[Sweden]] nei Dútslân (fral [[Emden]]) ferfierd wurde. Narvik is ek letter yn de [[Twadde Wrâldkriich]] geregeldwei bombardearre troch de [[Alliearden]] en de Dútsers om de haven te blokkearjen as wol om him frij te hâlden foar de skipfeart nei Dútslân.
 
=== Namme ===
It plak is neamd nei in ''pleats'' mei de namme ''Narvik'' ("Narduigh" - 1567). De betsjutting fan it earste elemint is 'net witten', mar ''vik'' betsjut 'ynholte'.
 
Narvik hiet yn 't earstoan ''Victoriahavn'' nei [[Victoria fan it Feriene Keninkryk]], mar ek de kroanprinsesse fan Sweden, [[Victoria fan Baden|Victoria]] waard mei de namme eare.