Sweedsk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kategory
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Svenska spåkets utbredning.PNG|thumb|It SweedskSweedske taalgebiet]]
 
It '''Sweedsk''' (''svenska'') is in [[Noard-Germaanske talen|Noard-Germaanske]] of Skandinavyske taal mei ûngefear 9 miljoen sprekkers. It is de grutste taal yn [[Sweden]] (8,8 miljoen sprekkers) en ien fan de offisjele talen fan [[Finlân]] (300.000 sprekkers). Yn de Finske autonome provinsje [[Åland]] is it Sweedsk de ienige offisjele taal.
Rigel 5:
It Sweedsk is nau besibbe oan de oare beide fêstelân-Skandinavyske talen, it [[Deensk]] en it [[Noarsk]]. It Sweedsk en it Noarsk, en wat minder it Deensk, binne ûnderling reedlik fersteanber. Grammatikaal binne de talen nau besibbe. De stavering is wol ferskillend.
 
De wurdskat fan it Sweedsk is hast hielendal Germaansk. Dochs binne der ek in soad lienwurden út foaral it [[Latyn]], [[Frânsk]] en it (Neder)Dútsk. TsjinwurdichTsjintwurdich wurde der in soad wurden út it [[Ingelsk]] oernommen, oanpast as letterlik oersetten.
 
De standerttaal (ek wol Rykssweedsk (''rikssvenska'')) is basearre op 'e dialekten fan [[Stockholm]] en omkriten en fan it [[Mälardal]]. Oare farianten fan it Sweedsk binne it [[Finlânsweedsk]] en it [[Baltysk Sweedsk]] (yn [[Estlân]]).