Gerben Colmjon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Namme fan de fotograaf ferbettere: der stie F.H., moat wêze I(danus). H.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gerben Colmjon.jpg|thumb|''Germ Colmjon''<br>
<small> fotograaf: FI. H. Slaterus</small>]]
'''Gerben "Germ" Colmjon''' ([[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[27 april]] [[1828]] – Ljouwert, [[28 desimber]] [[1884]]) wie in [[Fryslân|Frysk]] [[taalkundige]], [[bibliotekaris]], [[argivaris]] en [[oersetter]]. Hy wie de soan fan Pieter Colmjon en Pietje Edzerda. Yn [[1855]] troude er mei Marijke Groothelm, dy't foàr him stoar. Fan hûs út wied er [[boarstelmakker]] en boekferkeaper, mar yn syn frije tiid brocht er himsels troch iverige stúdzje [[skiednis]], de klassike talen ([[Latyn]] en [[Gryksk]]) en ferskate moderne talen by. Dizze autodidakt wist in baan oan 'e [[Provinsjale Bibleteek]] te bemachtigjen, en yn [[1868]] waard er troch de [[Steaten fan Fryslân]] beneamd te argivaris en bibliotekaris fan Fryslân. Yn [[1877]] folge in beneaming ta ryksargivaris yn Fryslân mei it ferlof om it amt fan provinsjaal bibliotekaris derby te hâlden.