Synapsiden: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 23:
| takson11 = [[boppeklasse]]:
| namme11 = [[fjouwerpoatigen]] (''Tetrapoda'')
| takson12 = [[tuskenklasse]]rangleas takson:
| namme12 = '''synapsiden''' (''Synapsida'')
| takson13 =
Rigel 41:
| beskriuwer, jier = Seeley, 1895
}}
De '''synapsiden''' ([[Latyn]]ske namme: ''Synapsida'') foarmje in [[tuskenklasse]]diel fan it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[boppestamme]] fan 'e [[nijmûnigen]] (''Deuterostomata''), de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata''), de [[ûnderstamme]] fan 'e [[wringedieren]] (''Vertebrata''), de [[tuskenstamme]] fan 'e [[kaakdieren]] (''Gnathostomata'') en de [[boppeklasse]] fan 'e [[fjouwerpoatigen]] (''Tetrapoda''). Dizze [[taksonomy]]ske groep wurdt ynformeel ek wol oantsjutten as de "sûchdiereftige reptilen", en omfiemet de [[sûchdieren]] (''Mammalia'') en alle oare bisten dy't nauwer oan 'e sûchdieren besibbe binne as oan oare groepen fjouwerpoatigen. De sûchdieren binne dus út 'e synapsiden fuortkommen, en foarmje hjoed de dei de iennichste oerlibjende groep synapsiden.
 
==Skaaimerken==
Synapsiden kinne maklik ûnderskaat wurde fan oare fjouwerpoatigen trochdat hja mar ien [[ûnderste sliepfinster]] hawwe, in iepening leech yn 'e [[plasse (skedel)|plasse]] efter elts [[each]], wat de groei fan in [[bonke (skelet)|bientige]] râne ûnder elts fan 'e eagen feroarsake; dêrfandinne de namme ''Synapsida'', dat [[Gryksk]] is foar "fergroeide bôge". Primitive synapsiden wurde ornaris [[pelykosauriërs]] neamd, wylst mear ûntwikkele leden fan dizze groep oantsjut wurde as [[terapsiden]]. Hoewol't se gauris "sûchdiereftige reptilen" neamd wurde, hawwe se allegear folle mear gemien mei sûchdieren as mei [[reptilen]], dat eins soe "reptyleftige sûchdieren" in bettere beneaming wêze.
 
==Untwikkeling==
De synapsiden ûntwikkelen har sa'n 324 miljoen jier lyn, yn it lette [[Karboan]]. In sustergroep waard foarme troch de [[sauropsiden]] (''Sauropsida''), dêr't letter de [[fûgels]] en [[reptilen]] út fuortkamen. Yn it [[Perm]] (299-251 miljoen jier lyn) wiene de synapsiden de grutste op lân libjende [[wringedieren]], mar se waarden swier troffen troch it massale [[Permysk-Triassysk Utstjerren|Permysk-Triassysk Utstjerren]]. Neitiid wiene de [[archosauriërs]] de grutste en meast foarkommende lânwringedieren. Der wiene net in protte net-sûchdiereftige synapsiden dy't it [[Trias]] oerlibben, hoewol't guon taaie folhâlders trochsetten oant yn it [[Kryt (tiidrek)|Kryt]]. Mar om't de sûchdieren ek ta de synapsiden hearre, kin steld wurde dat de synapsiden as groep ek hjoed de dei noch sa libben as in hert binne en sûnt it [[Kryteftich-Paleogeen Utstjerren]] teffens op 'e nij de grutste lânwringedieren omfiemje.