Ferskil tusken ferzjes fan "Wringedieren"

L
red
L (red)
De '''wringedieren''', '''rêchbonkedieren''' of '''fertebraten''' ([[Latyn]]ske namme: ''Vertebrata'') foarmje in [[ûnderstamme]] fan it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[boppestamme]] fan 'e [[nijmûnigen]] (''Deuterostomata'') en de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata''). Ta dizze ûnderstamme hearre û.m. de [[sûchdieren]], [[fûgels]], [[reptilen]], [[amfibyen]] en [[fisken]], mei yn totaal sa'n 64.000 [[wittenskip]]lik beskreaune [[soarte]]n. Dêrmei foarmje de wringedieren fierwei de grutste groep binnen de rêchstringdieren, dy't út likernôch 67.000 soarten besteane.
 
==Skaaimerken==
Wringedieren ûnderskiede har fan 'e oare rêchstringdieren trochdat by har it [[rêchpiid]] beskerme wurdt troch in [[wringe (rêchbonke)|wringe]]. Alle wringedieren hawwe in [[ynwindich skelet]] mei [[draaibonke]]n (''wervels'') dêr't in [[sintraal senuwstelsel]] trochhinne rint. De measte soarten hawwe ek in [[plasse (bonke)|plasse]] (''skedel''), [[kaak|kaken]], en twa pear [[lid (lichemsdiel)|lidden]]. De plasse beskermet de [[harsens]], en de [[each|eagen]] en [[ear (lichemsdiel)|earen]], wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere [[yntelliginsje]]. De draaibonken (of wringen) foarmje mei-inoar de wringe of rêchbonke, dêr't it rêchpiid binnenyn sit. De wringe as gehiel jout stevichheid oan it [[skelet]] en makket gruttere groei mooglik.