Ferskil tusken ferzjes fan "Reptilen"

7.076 bytes grutter ,  5 jier lyn
L
oanf
L (wurk)
L (oanf)
{{Universele ynfoboks bisteryk
{{wurk}}
| ôfbylding =Extant reptilia.jpg
'''Reptilen''' binne kâldbloedige [[dier]]en.
| ôfbyldingsbreedte =250px
| ôfbyldingstekst =
| takson1 =
| namme1 =
| takson2 = [[ryk (taksonomy)|ryk]]:
| namme2 = [[dieren]] (''Animalia'')
| takson3 = [[ûnderryk]]:
| namme3 = [[echte dieren]] (''Metazoa'')
| takson4 = [[tuskenryk]]:
| namme4 = [[twasidigen]] (''Bilateria'')
| takson5 = (sûnder rang):
| namme5 = [[termdieren]] (''Nephrozoa'')
| takson6 = [[boppestamme]]:
| namme6 = [[nijmûnigen]] (''Deuterostomata'')
| takson7 = [[stamme (taksonomy)|stamme]]:
| namme7 = [[rêchstringdieren]] (''Chordata'')
| takson8 = [[ûnderstamme]]:
| namme8 = [[wringedieren]] (''Vertebrata'')
| takson9 = [[tuskenstamme]]:
| namme9 = [[kaakdieren]] (''Gnathostomata'')
| takson11 = [[boppeklasse]]:
| namme11 = [[fjouwerpoatigen]] (''Tetrapoda'')
| takson12 = (sûnder rang):
| namme12 = [[sauropsiden]] (''Sauropsida'')
| takson13 = [[klasse (taksonomy)|klasse]]:
| namme13 = '''reptilen''' (''Reptilia'')
| takson14 =
| namme14 =
| takson15 =
| namme15 =
| takson16 =
| namme16 =
| takson17 =
| namme17 =
| takson18 =
| namme18 =
| takson19 =
| namme19 =
| beskriuwer, jier = Laurenti, 1768
}}
De '''reptilen''' ([[Latyn]]ske namme: ''Reptilia'') foarmje in [[klasse (taksonomy)|klasse]] fan it [[ûnderryk]] fan 'e [[echte dieren]] (''Metazoa''), de [[stamme (taksonomy)|stamme]] fan 'e [[rêchstringdieren]] (''Chordata''), de [[ûnderstamme]] fan 'e [[wringedieren]] (''Vertebrata''), de [[tuskenstamme]] fan 'e [[kaakdieren]] (''Gnathostomata'') en de [[boppeklasse]] fan 'e [[fjouwerpoatigen]] (''Tetrapoda''). Dêrbinnen wurde se tsjintwurdich ornaris mei de [[fûgels]] (''Aves'') yndield by de [[sauropsiden]] (''Sauropsida''). Ta de reptilen wurde de [[slangen]], [[hagedissen]], [[skylpodden]] en [[krokkedillen]] rekkene. De tûke fan 'e [[biology]] dy't reptilen bestudearret, hjit de [[herpetology]].
 
==Skaaimerken==
Foarbylden fan reptilen binne:
Reptilen ûnderskiede har fan oare libbensfoarmen troch in krûpende fuortbeweging, itsij trochdat de [[poaten]] oan 'e sydkanten fan it lichem sitten, itsij om't se hielendal gjin poaten (mear) hawwe. Oare skaaimerken binne [[kâldbloedichheid]], it hawwen fan [[skob]]ben en it lizzen fan [[aai (bist)|aaien]] mei in ekstra [[membraan]] (oftewol in kalkene skaal) deromhinne om [[fuortplanting]] op it lân mooglik te meitsjen. Gjinien fan dizze skaaimerken is lykwols ta reptilen beheind: [[lidpoatigen]] krûpe ek; [[amfibyen]] binne kâldbloedich; fûgels hawwe skobben (op 'e poaten); en fûgels en guon sûchdieren lizze aaien mei in skaal deromhinne. It is de kombinaasje fan 'e beskreaune eigenskippen dy't in bist ta in reptyl makket.
* [[Slange]]n
* [[Hagedis]]sen
* [[Skyldpod]]den
* [[Krokkedil]]len
 
==Untwikkeling==
[[Kategory:Bist]]
De ierst bekende reptilen ûntstiene sa'n 315 miljoen jier lyn, yn it [[Karboan]], út heechûntwikkele reptyleftige [[amfibyen]], dy't har wat langer wat better oanpasten oan it libben op it lân. Guon groepen reptilen stoaren neitiid út by massale útstjerrensfoarfallen, lykas dy oan 'e ein fan it [[Mesosoïkum]], dy't ek de dinosauriërs lytsman makke. Lykwols bewenje moderne reptilen no alle [[kontinint]]en útsein [[Antarktika]]. Yn grutte rinne se útinoar fan 'e minuskule [[dwerchgekko]] (''Sphaerodactylus ariasae''), dy't 17 mm lang wurdt, oant de [[seekrokkedil]] (''Crocodylus pororus''), dy't in lingte fan 6 m en in gewicht fan mear as in ton berikke kin.
 
==Taksonomy==
{{Link FA|fr}}
De [[taksonomy]]ske yndieling fan reptilen is problematysk, mei't de tradysjonele groepen fan 'e [[slangen en hagedissen]], de [[krokkedillen]] en de [[skylpodden]] eins ferspraat binne oer in ôfstamming dy't ek de [[dinosauriërs]] en de [[fûgels]] omfiemet. De krokkedillen, bygelyks, binne folle nauwer besibbe oan 'e fûgels as oan 'e hagedissen of de skylpodden. Dêrom soene de dinosauriërs en de fûgels dus eins ek as reptilen beskôge wurde moatte, mar by fûgels wurdt dat nea dien. Dinosauriërs waarden foarhinne wol as reptilen sjoen, mar ûnderwilens hat men substansjeel [[fossyl]] bewiismateriaal opdold dêr't út blykt dat ek dy net (of net alle) boppeneamde reptyleftige skaaimerken dielden. Sadwaande beskôgje wittenskippers de term "reptilen" tsjintwurdich oer it algemien as efterhelle, en sprekke se ynstee leaver fan [[sauropsiden]], dêr't sawol de reptilen as de dinosauriërs en de fûgels ûnder beflapt wurde kinne. Yn it spraakgebrûk fan leken is de term "reptilen" lykwols sa ynboargere dat it ûnreälistysk is om te ferwachtsjen dat er ea yn ûnbrûk reitsje sil.
 
==Klassifikaasje==
Hjirûnder de wittenskiplike opbou fan 'e [[sauropsiden]], ynklusyf de reptilen, de [[dinosauriërs]] en de [[fûgels]].
* [[sauropsiden]] (''Sauropsida'')
** klasse '''reptilen''' (''Reptilia'') <small>(omstriden)</small>
*** ûnderklasse [[anapsiden]] (''Anapsida'')
**** ''incertae sedis'' (yndieling ûnwis)
***** famylje ''[[Captorhinida]]'' †
***** famylje [[mesosauriërs]] (''Mesosauria'') †
***** famylje ''[[Procolophonomorpha]]'' †
**** skift [[skyldpodden]] (''Testudines''): 400 soarten
*** ûnderklasse [[diapsiden]] (''Diapsida'')
**** skift ''[[Araeoscelidia]]'' †
**** skift ''[[Younginiformes]]'' †
**** tuskenklasse [[ichtyosauriërs]] (''Ichthyosauria'') †
**** tuskenklasse [[lepidosauruseftigen]] (''Lepidosauromorpha'')
***** boppeskift ''[[Sauropterygia]]'' †
****** skift [[plakodonten]] (''Placodontia'') †
****** skift [[notosauriërs]] (''Nothosauroidea'') †
****** skift [[plesiosauriërs]] (''Plesiosauria'') †
***** boppeskift [[lepidosauriërs]] (''Lepidosauria'')
****** skift [[brêgehagedissen]] (''Sphenodontia''): 2 soarten (út [[Nij-Seelân]])
****** skift [[skobhûdigen]] (''Squamata''): 9.600 soarten ([[slangen]], [[hagedissen]] en [[wjirmhagedissen]])
**** tuskenklasse [[archosauruseftigen]] (''Archosauromorpha'')
***** skift ''[[Prolacertiformes]]'' †
***** divyzje [[archosauriërs]] (''Archosauria'')
****** ûnderdivyzje ''[[Crurotarsi]]''
******* boppeskift [[krokkedilfoarmigen]] ''[[Crocodylomorpha]]''
******** skift [[krokkedileftigen]] (''Crocodilia''): 25 soarten ([[krokkedillen]], [[alligators]], [[kaaimannen]] en [[gavialen]])
******** skift [[fytosauriërs]] (''Phytosauria'') †
******** skift ''[[Rauisuchia]]'' †
******** skift [[rynchosauriërs]] (''Rhynchosauria'') †
****** ûnderdivyzje ''[[Avemetatarsalia]]''
******* tuskendivyzje ''[[Ornithodira]]''
******** skift [[ptearosauriërs]] (''Pterosauria'') †
******** boppeskift [[dinosauriërs]] (''Dinosauria'')
********* skift ''[[Ornithischia]]'' †
********* skift ''[[Saurischia]]'' †
********* klasse [[fûgels]] (''Aves''): >10.500 soarten
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Reptile ''References'' en ''Further reading'', op dizze side].
----
{{commonscat|Reptile}}
}}
 
[[Kategory:Wringedier]]