Assimilaasje (taalkunde): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: '''Assimiliaasje''' is in fonetysk proses. Der binne twa soarten assimilaasje, lofter- en rjochterassimilaasje. Lofterassimilaasje komt folle mear foar. == Lofterassimila...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 nov 2014 om 21.55

Assimiliaasje is in fonetysk proses. Der binne twa soarten assimilaasje, lofter- en rjochterassimilaasje. Lofterassimilaasje komt folle mear foar.

Lofterassimilaasje

Assimilaasje fan plak

By de assimilaasje fan plak wurdt de 'n' fan syn artikulaasjeplak skuord. De n wurdt trochstings dentaal útsprutsen.

  • Foar de felare k/g feroaret de n yn de felare ŋ (in gadingmakker wurdt [iŋɡa:dɪŋmakr]).
  • Foar de bilabiale m/p/b feroaret de n yn de bilabiale m (dyn mem wurdt [dimɛm])

Assimilaasje fan stim

By assimilaasje fan stim binne der twa haadregels.

Stimleaze ploffer

De regel is sa; in stimleaze ploffer + stimhawwende ploffer wurdt in stimhawwende kloft. Opbealgje wurdt dêrby [obɪ.əlgjə].

Stimleaze rûzer

De regel is sa; in stimleaze rûzer + stimhawwend foneem wurdt in stimhawwende kloft. Dêrby feroaret raas ris yn [ra:zrəs].

Rjochterassimilaasje

  • Stimleaze rûzer of ploffer + d fan lytse wurdsjes as de, dy, dit, dat, dizze, dan, der, doe en t. Op dy wize' wurdt dan [optivi:zə].
  • De s fan it foarnamwurd se feroaret yn z werby hie se bygelyks feroaret yn [hi.əzə].

Sjoch ek