Luleå: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 52 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q26268
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 27:
'''Luleå''' ([[Finsk]]: Luulaja; [[Samysk]]: Luleju; [[Lule-Samysk]]: Julevu) is in [[Sweden|Sweedse]] stêd yn de [[Län|provinsje]] [[Norrbottens län]] en yn it [[Sweedske lânskippen|Sweedske lânskip]] [[Norrbotten]]. Luleå is fierwei de grutste stêd fan de provinsje mei in befolking fan sa'n 46.000; de gemeente hat likernôch 75.000 ynwenners. Stêden as [[Kiruna]] en [[Boden (plak)|Boden]] komme net boppe de 20.00 ynwenners út. Luleå is it bestjoerssintrum fan provinsje, lânskip en gemeente, mar bygelyks it spoar yn Noard Sweden wurdt ek út Luleå wei regele.
 
De stêd leit op it plak dêr't de rivier [[Lule älv|Lule]] (Luleälv) yn de [[Botnyske Golf]] útmûnet. It is in wichtige haven. Izererts wurdt troch [[LKAB]] yn [[Kiruna]] en [[Gällivare]] út de grûn helle en dêrnei yn [[Narvik]] en Luleå skippeskipe. Op [[Svartö]] stiet in izerfabryk. Ek hout wurdt fia de havens ferfierd. De haven is yn de rin fan de tiid in pear kear ferlein, omdat it noardlik part fan it gebiet rûnom de [[Botnyske Golf]] omheech giet wat de seespegel oangiet. De Botnyske Golf is in grut part fan it jier beferzen, dat Luleå kin net optimaal profitearje fan de oerslach fan izererts.
 
== Skiednis ==
As haven wie Luleå al bekend fan de [[13e ieu]] ôf. De stêd waard lykwols offisjeel stifte ûnder stad [[Gustaf II Adolf fan Sweden]] yn [[1621]], net op it plak fan no, mar op it plak dêr't tsjintwurdich [[Gammelstad]] (âlde stêd) leit. Troch it omheech gean fan de omkriten fan de stêd wie it al yn [[1649]] nedich om de kearn te ferlizzen nei it hjoeddeiske plak.
 
Luleå wurdt earst wier in wichtige stêd at ein [[18e ieu]] [[izererts]] fûn wurdt yn de omkriten fan Kiruna en [[Malmberget]]. Der is mar ien manier om it erts te skipjenskypjen en dat is fia de haven fan Luleå. Foar de nedige tsjinsten anneks, waard de wyk Bergviken oanlein.
 
Yn 1887 ferbaarnd in diel fan de stêd mei syn protte houten huzen. Belangrike gebouwen, sa as de tsjerke, wurde neitiid fannijs boud. Fanwege it hieltyd grutter wurden fan de ertsproduksje en - tanimmend ferfier yn it generaal - krijt de stêd yn [[1907]] in spoarferbining. It spoar wurdt trochlutsen nei Narvik yn [[Noarwegen]]. Luleå is noch altyd in spoarweiknooppunt yn it gebiet. Fan it begjin fan de [[Twadde Wrâldkriich]] ôf is Luleå ien fan de hursthurdst waaksende stêden fan it lân.
 
Luleå is de grutste oerslachhaven fan Sweden wurden; ithy hat de earste Technyske Universiteit fan it lân, in drok fleanfjild en it is in leger- en marinestêd.
 
<gallery>