It Nijs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - fuort: nl:It Nijs (deleted)
link ferbettere
Rigel 2:
'''Itnijs.nl''' is in inisjatyf fan de [[Ried fan de Fryske Beweging]]. De Fryske Beweging fynt dat yn in folwoeksen taal nijs wêze moat út [[Fryslân]] wei mar ek út de wrâld wei.
 
It [[Frysk]] hat him de lêste desennia ûntwikkele ta in folsleine kultuertaal, mar bûten [[Omrop Fryslân]] wurdt der noch net folle Frysk yn it nijs brûkt. Eins soe it hiel gewoan wêze moatte dat jo yn Fryslân it nijs yn de eigen taal krije. Minsken binne wend dat de kranten it Hollânsk brûke en sa no en dan in stikje yn it Frysk, [[Stellingwerfsk]] of [[BildtsBiltsk]] op te nimmen. Noch minder faak is der in stikje yn it [[Stêdsk]]. En dan giet it ek faak allinne noch mar oer saken dy it Frysk of Fryslân oanbelangje.
Om it Frysk ek by it nijs in folwoeksen plakje te jaan hat de Ried fan de Fryske Beweging in nije hiemside op it ynternet setten. It is in nijsside mei as adres www.itnijs.nl. De side ûnderskiedt him op tal fan punten fan oere nijshiemsiden. It is de earste folslein Frysktalige nijsside dy’t him net beheint ta de regio. De nijsfoarsjenning wurdt ûnderhâlden troch frijwilligers. Op de nijsside komt nijs fan de hiele wrâld oant it nijs hiel ticht by. Ek sil de Ried berjochten pleatse út de oare Fryslannen. De Ried wol safolle mooglik aktiviteiten dy’t yn Fryslân plakfine in plakje jaan op de hiemside. De hiemside moat in middelpunt wurde fan it Frysk op it ynternet.