Troilus en Kressida: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+image
Rigel 5:
Yn it sânde jier fan 'e Trojaanske Oarloch rekket de Trojaanske prins Troilus fereale op Kressida, de dochter fan Kalchas, in Trojaanske preester dy't oerrûn is nei de Griken. By syn stykjen nei har wurdt Troilus holpen troch Pandarus, in omke fan Kressida. Underwilens freget yn it Grykske kamp [[Agamemnon]], de kening fan [[Mysene]] en de oanfierder fan 'e Griken, him ôf wêrom't syn ûnderhearrigen sa somber binne. De snoade [[Odysseus|Ulysses]], de kening fan [[Itaka]], fertelt him dat dat komt om't de held en foarfjochter [[Achilles]] mei syn ûnfoech hâlden en dragen it leger op 'e doele bringt. Achilles wegeret nammentlik te fjochtsjen en sit ynstee de hiele dei yn syn tinte mei syn maat Patroklus op 'e oare legeroersten ôf te jaan. As koart dêrnei in útdaging ta in twagefjocht arrivearret fan 'e Trojaanske prins en held [[Hektor]], beslút Ulysses dat Hektor syn tsjinstanner net Achilles wêze sil, mar de koppige dwaas [[Ajaks de Mânskere|Ajaks]], de kening fan [[Salamis (eilân)|Salamis]]. Dêrmei hopet er Achilles sa op it sear te kommen dat dy wer meidwaan sil oan 'e oarloch.
 
[[File:WilliamHoughton ShakespeareSTC Troilus22332 - Troylus and CressidaCresseid, title page.jpg|thumb|left|175px|De foarside fan 'e earste útjefte, út [[1609]].]]
Yn Troaje diskusjearje ûnderwilens de soannen fan kening [[Priamos]] deroer oft it noch wol eigenskip hat en set de oarloch troch. Hektor is fan tinken dat it better wêze soe om der in ein oan te breidzjen troch [[Helena fan Troaje|Helena]] oan 'e Griken werom te jaan, mar hy lit him beprate troch de hertstochtlike Troilus, dy't fan gjin opjaan witte wol. Wylst dy jûns yn it Grykske kamp Tersites, de ûnearbiedige [[slavernij|slaaf]] fan Ajaks, eltsenien ôfsnút dy't op syn paad komt, beävensearret Pandarus yn Troaje dat Troilus en Kressida inoar moetsje kinne om 'e leafde te bedriuwen nei't se inoar ivige trou tasein hawwe. Mar op datselde stuit fersiket de oerrûne preester Kalchas de lieders fan 'e Griken om syn dochter út te wikseljen foar in Trojaanske kriichsfinzene, dat er mei har weriene wurde sil. De Griken stimme dêryn ta, de ruil wurdt bewurkmastere, en de oare moarns arrivearret, ta ôfgriis fan Troilus, [[Diomedes]], de soan fan 'e Grykske kening fan [[Argos]], yn Troaje om Kressida op te heljen.