Mien Ruys: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Ajv39 (oerlis | bydragen)
ryksmonuminten
Rigel 1:
'''Wilhelmina Jacoba''' (''Mien'') '''Moussault-Ruys''', ([[Dedemsfeart (Doarp)|Dedemsfeart]], [[12 april]] [[1904]] - [[Dimter]], [[9 jannewaris]] [[1999]]) wie in, ek yn it bûtenlân, ferneamd [[Nederlân|Nederlânske]] túnarsjitekte.
[[Ofbyld:Overzicht van de gele tuin uit 1982 - Dedemsvaart - 20351807 - RCE.jpg|thumb|Giele tún fan Mien Ruys út 1982]]
 
''Bielzen Mien'' waard har bynamme yn Nederlân, omdat hja de foaropfrou fan it gebrûk fan spoarbylsen yn tunen wie, eat wat fral yn de jierren '70 tige populêr wie. Sy brûkte graach rjochte foarmen: rjochthoeken, fjouwerkanten en dúdlike linen. Se wie yn Nederlân ien fan de earsten dy't earnstich omtinken hie foar lytse stedstunen. De ''Stichting Tuinen Mien Ruys'' ûnderhâldt yn Dedemsfeart noch in tal tunen yn de styl fan Mien Ruys: de [[Tunen fan Mien Ruys]].
 
Yn [[1954]] rjochte sy mei har man - útjouwer Theo Moussault - it blêd ''[[Onze Eigen Tuin]]'' op. 1958-1959 ûntwurp sy foar- en tegearre mei [[Gerrit Rietveld]] de tunen om it troch Rietveld betochte fabryksgebou fan weverij ''De Ploeg'' hinne, yn [[Bergeijk (plak)|Bergeijk]], dy't oant de dei fan hjoed as 'doarpstún' bestiet.
 
Ferskate ûntwerpen fan Mien Ruys binne erkende [[ryksmonumint]]en.
 
== Keppelings om utens ==
*[http://library.wur.nl/tuin Feitebank TUiN] alle bewarre bleaune ûntwerpen fan Mien Ruys, by Bibleteek Wageningen UR]
*[http://www.rietveldenruys.nl/ Earbetoan 50 jier Gerrit Rietveld en Mien Ruys yn Bergeijk]
*[http://www.tuinenmienruys.nl/nl/ De Tunen Mien Ruys]