Panhandle fan Floarida: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Panhandle Florida.png|right|thumb|250px|De ''Florida Panhandle'' (read) oanjûn op in kaart fan 'e steat [[Floarida]].]]
De '''''Florida Panhandle''''' (it "PannehânselPanhânsel fan Floarida") is in ynformele en ûnoffisjele, mar faak brûkte beneaming foar it útstykjende noardwestlike diel fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Floarida]]. It is in stripe lân fan rûchwei 320 km lang fan east nei west en 80-160 km breed fan noard nei súd. It wurdt omjûn troch de steat [[Alabama]] yn it westen en noardwesten, de steat [[Georgia]] yn it noarden en noardeasten, de [[Golf fan Meksiko]] yn it suden en de it [[Floarida-skiereiân|skiereilân fan Floarida]] yn it easten. De nammen '''West-Floarida''' en '''Noardwest-Floarida''' binne tsjintwurdich frijwol synonym mei de ''Panhandle'', hoewol't [[West-Floarida]] histoarysk in [[Grut-Brittanje|Britske]] ([[1763]]-[[1783]]) en letter [[Spanje|Spaanske]] ([[1783]]-[[1821]]) [[koloanje]] wie, dy't behalven de hjoeddeistige ''Florida Panhandle'' ek de súdlike dielen omfieme fan wat no de steaten [[Alabama]] en [[Mississippy (steat)|Mississippy]] binne, en dêropta noch it uterste súdeasten fan [[Louisiana]].
[[File:ANF landscape01.jpg|left|thumb|250px|It Nasjonaal Wâld Apalachicola, yn 'e ''Florida Panhandle''.]]