Suden (Feriene Steaten): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L red
Rigel 1:
[[File:Us south census.png|right|thumb|300px|It Suden neffens de definysje fan it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]]. Histoarysk sjoen wurdt ek de steat [[Missoury (steat)|Missoury]], dy't neffens it Folkstellingsburo ta it [[Midwesten (Feriene Steaten)|Midwesten]] heart, ta it Suden rekkene.]]
It '''Suden''', it '''Amerikaanske Suden''', de '''Súdlike Feriene Steaten''', '''''Dixieland''''' of '''''Dixie''''' is in ynformele [[geografy]]ske regio fan 'e [[Feriene Steaten]]. Under dizze oantsjutting wurde neffens de (moderne) definysje fan it [[Amerikaanske Folkstellingsburo]] de [[Amerikaanske steaten|steaten]] [[Delaware]], [[Marylân]], [[Firginia]], [[West-Firginia]], [[Kentucky]], [[Tennessee]], [[Noard-Karolina]], [[Súd-Karolina]], [[Georgia]], [[Floarida]], [[Alabama]], [[Mississippy (steat)|Mississippy]], [[Louisiana]], [[Arkansas]], [[Teksas]] en [[Oklahoma]] beflapt. Histoarysk sjoen heart ek de steat [[Missoury (steat)|Missoury]] ta it Suden, al hat it Folkstellingsburo dy yndield by it [[Midwesten (Feriene Steaten)|Midwesten]]. Oklahoma wurdt histoarysk dan faak wer net ta it Suden it Suden rekkene. It "Suden" is mear in [[kultuer|kultureel]] as in [[geografy]]sk begryp, en it komt dan ek net oerien mei it geografyske suden fan 'e Feriene Steaten. [[Arizona]] en [[Nij-Meksiko]], steaten dy't dúdlik yn it geografyske suden lizze, wurde nea ta it Suden rekkene, wylst Firginia en West-Firginia, dy't geografysk sjoen yn it easten fan it lân lizze, der altyd by yndield wurde.
 
==Underferdieling==