Ferskil tusken ferzjes fan "Helsinki"

4 bytes grutter ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
L (Robot: sv:Helsingfors is een goed artikel)
 
[[Ofbyld:Location of Helsinki in Finland.png|150px|left|thumb]]
'''Helsinky''' is de haadstêd en it grutste plak fan [[Finlân]].
Helsinky leit oan de súdkust fan Finlân. 6,2 persint fan de ynwenners praat [[Sweedsk]].
 
== Skiednis ==
Helsinky waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurint foar de [[Hânze]]stêd [[Tallin]]. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier [[Vantaanjoki]]. Yn 1561 ferovere [[Sweden]] yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallinn, wêrtrochdêrtroch waard Helsinky minder belangryk waard. Yn de haven fan Helsinky koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki -rivier wurdt net mear bewenne.
 
It útwreidzjen fan it [[Russyske Ryk]] en de stifting fan de stêd [[Sint Petersburch]] yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en [[Ruslân]] trof Helsinky hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de [[pest]], en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinky troch Russen beset.
 
Op 2 maart 1808 waard Helsinky wer troch Russen beset. Nei de kriich moast Sweden hiel Finlân oan Ruslân jaan. Yn it begjin wie [[Turku]] de haadstêd fan it Grutfoarstendom Finlân, dat de grutste en wichtichste stêd wie. Neffens tsaar [[Alexander I fan Ruslân|Alexander I]] wie Turku te fier fan Sint Petersburch ôf, dêrom moast Helsinky mar haadtêd wurde. Helsinky wie op dat stuit in lyts stedsje mei sa sa'n 4000 ynwenners. De stêd waard fierder ûntwikkele. Sûnt 1819 sit it Finske senaat yn de stêd.
 
Nei de grutte brân yn Turku waard ek de Akademy fan Turku nei Helsinky brocht. Fierders wienen der gjin universiteiten yn it lân. Mei de [[Yndustriële Revolúsje]] groeide de stêd yn de twadde helte fan de 19e ieu. De treinferbining nei Hämeenlinna en Sint Petersburch ûntstie yn 1862 en 1870. Om 1900 hinne hie Helsinky sa'n 100.000 ynwenners.
Doe't Finlân op [[6 desimber]] [[1917]] ûnôfhinklik wie, waard Helsinky de haadstêd fan de nije steat. Yn de Finske Boargerkriich dy't dêrop folge ferovere de Reade Garde op 28 jannewaris 1918 de stêd. De konservative Finnen moasten nei de machtsoername de stêd út. Yn april wûnen Dútske troepen nei twa dagen de striid tsjin de Reade Garde. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard Helsinky slim troffen troch bombardeminten fan de [[Sowjetuny|Sowjets]]. De stêd hie lykwols minder skea as oare Europeeske stêden, mei troch de sterke loftferdigening fan de Finnen.
 
De [[Olympyske Simmerspullen 1940|Olympyske Spullen fan 1940]] waardwaarden yn Helsinky plend. De tarieding en it bouwen wie al begûn, mar de spullen gongen net troch fanwege de [[Twadde Wrâldkriich]]. Ynstee fan de Spullen fan 1940, waardwaarden yn 1952 de [[Olympyske Simmerspullen 1952|Olympyske Simmerspullen]] holden.
 
{{stobbe-geografy}}
10.424

bewurkings