Ferskil tusken ferzjes fan "Helsinki"

7 bytes grutter ,  5 jier lyn
gjin bewurkingsgearfetting
 
== Skiednis ==
Helsinky waard op 12 juny 1550 oprjochte troch de Sweedske kening Gustav Vasa, as konkurint foar de [[Hânze]]stêd [[Tallin|Tallyn]]. Oarspronklik lei de stêd oan de mûning fan de rivier [[Vantaanjoki]]. Yn 1561 ferovere [[Sweden]] yn de Lyflânske Kriich de stêd Tallinn, dêrtroch waard Helsinky minder belangryk. Yn de haven fan Helsinky koenen gjin grutte skippen komme omdat it wetter net djip genôch wie. Yn 1640 waard troch de gûverneur-generaal Per Brahe besletten om de stêd nei syn notiidske lokaasje, it skiereilân Vironniemi, te ferhúzjen. De âlde stêd oan de mûning fan de Vantaanjoki-rivier wurdt net mear bewenne.
 
It útwreidzjen fan it [[Russyske Ryk]] en de stifting fan de stêd [[Sint Petersburch]] yn it jier 1703 hienen grutte gefolgen foar de stêd. De Grutte Noardske Kriich tusken Sweden en [[Ruslân]] trof Helsinky hurd. De stêd hie yn 1710 te krijen mei de [[pest]], en waard yn 1713 troch weromlûkende troepen delbaarnd. Yn it tiidrek 1713-1721 en yn de Sweedsk-Russyske Kriich fan 1741-1743 wie Helsinky troch Russen beset.
10.424

bewurkings