Jan Hepkes Wouda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]], neat oan'e hân
Rigel 1:
 
'''Jan Hepkes Wouda''' ([[Surhústerfean]], [[4 novimber]] [[1862]] - dêre, [[16 april]] [[1939]]) wie in fellekeepman op it [[Surhústerfean]]. Jan Hepkes stie bekend as de ''Feanster liger'', omdat er him it fertellen fan sterke ferhalen dêr't er sels altyd in bjusterbaarlike haadrol yn spile, eigen makke hie. Hy waard dan ek wol spottend de ''[[Baron von Münchhausen|Münchhausen]] fan Surhústerfean'' neamd.
 
Neffens Jan Hepkes syn eigen sizzen beskikte er oer boppenatuerlike krêften, fong er snoeken sa grut dat se allinne yn it swaaigat by it bûterfabryk yn de [[Feanster Feart]] keare koene en hy koe hurder fytse as it ljocht. Jan Hepkes belibbe as ferteller syn 'finest hours' by in ploechje krinkjespuiers dy't faak te finen wienen op de Feike-Draai yn de Feanster Feart. In soad ferhalen fan Jan Hepkes Wouda binne troch [[Ype Poortinga]] optekene en yn [[1986]] útbrocht ûnder de titel 'Ik ha't ris hân...', Jan Hepkes syn standert iepeningssin.
 
Yn Surhústerfean stiet in stânbyld fan Jan Hepkes Wouda.