Facebook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 138 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q355
L fryske ferzje
Rigel 8:
Op 18 maaie 2012 gie Facebook yndie nei de beurs. De earste dei sleat it oandiel fraksjoneel heger yn it plak fan de grutte stiging dy't ferwachte waard.<ref>[http://www.marketwatch.com/story/facebook-starts-at-40-in-debut-then-fizzles-2012-05-18?dist=afterbell {{en}} Facebook IPO loses steam at the end], Marketwatch, 18 maaie 2012</ref> De dei dêrnei sakke de koers in stik ûnder de útjeftepriis<ref>[http://www.marketwatch.com/story/facebook-shares-fall-below-ipo-price-on-second-day-2012-05-21 Facebook shares fall below IPO price on second day], marketwatch.com, 20 maaie 2012</ref>, sadat de twifels oer de wurdearring fan it bedriuw sterker waarden.
 
==Frysktalige ferzje==
== Keppeling om utens ==
Yn [[novimber]] [[2014]] kaam troch de ynset fan inisjatyfnimmer [[Wim Benes]], [[taalkundige]] [[Hindrik Sijens]] fan 'e [[Fryske Akademy]] en in kloft frijwilligers de [[Frysk]]e ferzje fan Facebook ôf. Dêr waard doe al fjouwer jier oan wurke, mar yn [[augustus]] [[2014]] wie noch mar 15% fan 'e nedige teksten yn it Frysk oerset. Benes fûn dat der no mar ris dien wurk makke wurde moast, en naam dêrom de foarstap om mei in groep frijwilligers de Frysktalige ferzje te foltôgjen. Yn totaal leveren 450 minsken der in bydrage oan. Meiwurker [[Daniël Hofstede]] soarge allinnich al foar de fertaling fan sântûzen sinnen. Sijens hold tafersjoch oer de krektens fan 'e oersettings. Fierders waarden de frijwilligers, dy't foar de lêste "spurt" gearkommen wiene yn ''Kafee Van Buren'', foar it stasjon oer, yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], ûnderstipe troch [[Julian Muller]] fan Facebook, dy't yn 'e ''[[Ljouwerter Krante]]'' útlei dat syn bedriuw soksoarte inisjativen mei gragens ferwolkomme, om't de lju op Facebook ommers neat oars dogge as har eigen identiteit útdrukke, en dêr makket har taal in wichtich diel fan út. Oant [[28 novimber]] [[2014]] wie de Frysktalige ferzje in ferburgen mooglikheid op Facebook, om't er ûnfolslein wie. Fan [[29 novimber]] ôf is er lykwols foar eltsenien maklik te finen. Op dy datum makken der al sa'n 8.000 minsken gebrûk fan.<ref>Grosso, Maria del, ''Laatste spurt naar 'folslein' Frysk Facebook'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 29 novimber 2014.</ref>
 
== KeppelingKeppelings om utens ==
* [http://www.facebook.com Facebook] (taal kin ûnder yn it skerm ynsteld wurde yn Frysk)