Ferskil tusken ferzjes fan "Belgysk-Nederlânsk"

L
+ynfoboks
(nije side)

L (+ynfoboks)
{{Universele ynfoboks taal
| namme = Belgysk-Nederlânsk
| oare namme(n) =
| eigen namme = ''Belgisch-Nederlands''
| lânseigen yn = [[Flaanderen]]
| tal sprekkers = 5,2 miljoen ([[T2]]-sprekkers)
| skrift = [[Latynsk alfabet]]
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaansk]]
● [[Nederfrankysk-Nedersaksyske talen|Nederfr.-Nedersaks.]]
● [[Nederfrankyske talen|Nederfrankysk]]
● [[Nederlânsk]]
● '''Belgysk-
Nederlânsk'''
| dialekten = [[Brabânsk]], [[Eastflaamsk]], [[Westflaamsk]]
| offisjele status= gjint
| erkenning as minderheidstaal = gjint
| ISO 639-1 =
| ISO 639-2 =
| ISO 639-3 =

Mei '''Belgysk-Nederlânsk''' wurdt de (justjes ôfwikende) foarm fan 'e [[Nederlânsk]]e [[Standertnederlânsk|standerttaal]] bedoeld dy't yn algemien gebrûk is yn it gewest [[Flaanderen]], it hiele Nederlânsktalige diel fan [[Belgje]]. Dit [[regiolekt]] wurdt ek wol '''Flaamsk''' neamd, mar dat is in oantsjutting dy't lykwols foar mearderlei útlis fetber is, en dêrom mar better mijd wurde kin. Yn Flaanderen sels wurdt wol fan '''Súdnederlânsk''' sprutsen, in ferwizing fan 'e lizzing fan Flaanderen yn it suden fan it Nederlânske taalgebiet, mar yn Nederlân wurdt dat meast histoarysk opfetten, ferwizend nei de sitewaasje fan foàr de stifting fan Belgje, yn [[1830]], of ek wol as term dêr't de súdlike Nederlânske dialekten yn Nederlân ([[Brabânsk]] en [[Súdgeldersk]]) mei bedoeld wurde.

Soms [[h-deleesje|falt de h fuort]] oan it begjin fan wurden, lykas yn ''eel'' foar ''heel'' ("hiel"), mar folle algemiener is it ferdwinen fan 'e [t] út 'e útspraak fan wurden as ''politie'' ("plysje") en ''vakantie'' ("fakânsje"): Nederlân: [po'liʦi], [va'kanʦi]; Flaanderen: [po'lisi], [va'kansi]. De g is yn wurdinisjale posysje altyd in [ɣ] (fan "drage"), en nea in [x] (fan "berch"), sa't yn Nederlân boppe de [[Grutte Rivieren]] gewoan is. En de w is, alteast yn wurdinisjale posysje, by in protte sprekkers in [w] (fan "skowe"), lykas yn it [[Ingelsk]]. Fierders skoot de [ɛ] (e fan "lek") faak op yn 'e rjochting fan 'e [a] (a fan "dak"), lykas yn 'e útspraak fan ''Belgisch'' ("Belgysk"): ['balɣis]. Ek wurde [[lienwurd]]en út it Ingelsk yn it Belgysk-Nederlânsk gauris útsprutsen sa't se [[stavering|stavere]] wurde, wylst yn Nederlân de oarspronklike Ingelske útspraak beholden bleaun is. Dêrby moat men tinken oan wurden as ''tram'', ''tank'' en ''crack'' (de drug), dy't yn Nederlân in [ɛ] (fan "lek") hawwe, mar yn Flaanderen mei in [a] (fan "dak") útsprutsen wurde.
[[File:Car crash 2.jpg|rightleft|thumb|250px|''Total loss'' of ''perte totale''?]]

===Leksikon===