Kreakbien: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L + krasbien
Rigel 1:
[[File:Cartilage.jpg|right|thumb|250px|Mikroskopysk byld fan kreakbien.]]
'''Kreakbien''' as '''krasbien''' ([[Latyn]]: ''cartilago'') is in spesjale foarm fan [[bynweefsel]] mei in elastysk karakter as gefolch fan beskate eigenskippen fan 'e [[ekstrasellulêre matriks]]. Kreakbien kin dêrtroch grutte druk wjerstean (it hat in stjitkessenfunksje, soe men sizze kinne), mar it hat net folle lûkfêstens. Dêrmei is it op frijwol alle punten tsjinsteld oan [[bonke]] (of bien), dat krekt net elastysk mar wol folle steviger is.
 
Kreakbien is te finen op in grut tal plakken yn it [[minske|minsklik]] (en [[dier]]lik) lichem, wêrûnder it artikulêre oerflak fan 'e bonken, op 'e ferbiningspunten yn 'e [[ribbekast]] en yn 'e [[brongiën|brongiale buizen]]. De bekendste lichemsdielen dy't besteane út kreakbien binne lykwols de [[earskelp]], de [[noasbonke]] en de [[tuskenwringeskiif|tuskenwringeskiven]] fan 'e [[rêchbonke]]. By guon bisten, lykas de [[kreakbienfisken]] ([[haaien]] en [[roggen]]) bestiet it hiele [[skelet]] út kreakbien.