Provisional Irish Republican Army: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: De '''Provisional Irish Republican Army''' ('''IRA''' of '''PIRA''') wie in Iersk republikeinske paramilitaire organisaasje dy't as doel hie it ôfskieden fan Noard-Ierlân fan ...
 
No edit summary
Rigel 1:
De '''Provisional Irish Republican Army''' ('''IRA''' of '''PIRA''') wie in Iersk republikeinske paramilitaire organisaasje dy't as doel hie it ôfskieden fan [[Noard-Ierlân]] fan [[Grut-Brittanje]] en it stichtsjen fan in feriene[[Ierlân]]. It wie de grutste republikeinske organisaasje aktyf tidens de ''Troubles'', de perioade fan ekstreem geweld yn Noard-Ierlân. De PIRA seach harren as de opfolger fan de orizjinele IRA, dy't aktyf wie tidens de Ierske ûnôfhinklikheidskriich fan 1921-22; dêrom brûkte de organisaasje faaks te ienfâldige namme '''Irish Republican Army''', of yn it [[Iersk]] ''Óglaigh na hÉireann''. De organisaasje wurdt is sawol Grut-Brittanje as Ierlân as in terroristyske organisaasje sjoen.
 
De PIRA ûntstie yn december 1969, nei in breuk mei de orizjinele IRA. Yn't jier derfoar begoannen de Troubles nei't boargerrjochtendemonstraasjes trochfan katolike nasjonalisten oanfallen waarden troch protestante loyalisten. Yn it begjin rjochte de organisaasje harren op it ferdedigjen fan de nasjonalistische gebieden yn Noard-Ierlân tsjin oanfallen fan de loyalisten; fanôf 1971 soe de militêre kampanje fan de PIRA in offensiever karakter krije. Troch geweld tsjin Britske militêre en ekonomyske doelen yn de provinsje woe de PIRA it Britske regear der ta twinge harren wêrom te lûken út Ierlân. De organisaasje brûkte yn it bysûnder guerilja taktiken tsjin it Britske leger en de [[Royal Ulster Constabulary]] (RUC, de Noard-Ierske plysje), yn sawol de steden as lanlike gebieden.
 
Yn it bysûnder de soms spektakulêre bomoanslaggen fan de organisaasje binne bekend wurden: sa hat de organisaasje yn 1991 in oanfal útfierd op it hûs fan de Britse premier (Downingstreet 10) en soargen oanslaggen yn 1996 yn Londen en Manchester foar £500 miljoen skea. Sokke oanfallen waarden meastal oankundige troch in telefoanyske warskôging.