Provisional Irish Republican Army: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
[[File:IRA Flag Ireland.jpg|thumb|Stype foar de PIRA op in lantearnepeal yn Noard-Ierlân. ]]
De '''Provisional Irish Republican Army''' ('''IRA''' of '''PIRA''') wie in Iersk republikeinske paramilitaire organisaasje dy't as doel hie it ôfskieden fan [[Noard-Ierlân]] fan [[Grut-Brittanje]] en it stichtsjen fan in feriene [[Ierlân]]. It wie de grutste republikeinske organisaasje aktyf tidens de ''Troubles'', de perioade fan ekstreem geweld yn Noard-Ierlân. De PIRA seach harren as de opfolger fan de orizjinele [[IRA]], dy't aktyf wie tidens de Ierske ûnôfhinklikheidskriich fan 1921-22; dêrom brûkte de organisaasje faaks te ienfâldige namme '''Irish Republican Army''', of yn it [[Iersk]] ''Óglaigh na hÉireann''. De organisaasje wurdt is sawol Grut-Brittanje as Ierlân as in terroristyske organisaasje sjoen.
 
De PIRA ûntstie yn december 1969, nei in breuk mei de orizjinele IRA. Yn't jier derfoar begoannen de Troubles nei't boargerrjochtendemonstraasjes fan katolike nasjonalisten oanfallen waarden troch protestante loyalisten. Yn it begjin rjochte de organisaasje harren op it ferdedigjen fan de nasjonalistische gebieden yn Noard-Ierlân tsjin oanfallen fan de loyalisten; fanôf 1971 soe de militêre kampanje fan de PIRA in offensiever karakter krije. Troch geweld tsjin Britske militêre en ekonomyske doelen yn de provinsje woe de PIRA it Britske regear der ta twinge harren wêrom te lûken út Ierlân. De organisaasje brûkte yn it bysûnder guerilja taktiken tsjin it Britske leger en de [[Royal Ulster Constabulary]] (RUC, de Noard-Ierske plysje), yn sawol de steden as lanlike gebieden.