Harry Koch (sakeman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
L redke
Rigel 5:
 
==Wurkpaad en polityk ==
Om [[1890]] ferfear er nei east [[Teksas]], mar fanwege it fochtige klimaat gie er fierder nei it westen en sette er him nei wenjen yn [[Quanah (Teksas)|Quanah]].<ref name=vuijst>Freke Vuijst, ''[http://www.vn.nl/Archief/Buitenland/Artikel-Buitenland/Aartsvijanden-van-Obama.htm Aartsvijanden van Obama]'', [[Vrij Nederland]], 2 maart 2012 </ref> Quanah hie trije kranten yn dy tiid, de ''Quanah Eagle'', de ''Quanah Chief'' en de ''Quanah Tribune''.<ref name=NewNetherlandInstitute>[http://www.nnp.org/nni/Publications/Dutch-American/dabook/Chapter%2010.pdf The New Netherland Institute: "DUTCH AMERICAN ENTREPRENEURS CHAPTER 10: "SUCCESSFUL ENTREPRENEURS—THE KOCH BROTHERS"], sjoen 20 jannewaris 2013</ref> Hy hie wilens genôch fermogen om de ''Quanah Tribune'' te keapjen, brocht dy byinoar mei de ''Quanah Chief'', en sette de krante fuort yn [[1897]] ûnder de namme ''Quanah Tribune-Chief'' fuortset waard.<ref name=TexPress>[http://texaspress.com/index.php/about-us/presidents/51-presidents-1900-1919/577-1918-19-harry-koch Texas Press: "1918-19 Harry Koch Quanah Tribune Chief"] 17 des. 2008</ref> Teffen wie er meioprjochter en oandielhâlder fan de [[Quanah, Acme and Pacific Railway]].<ref>Yasha Levine '' Empire Building'' yn The Texas Observer, 2011-11-07 [http://www.texasobserver.org/empire-building/ hjir]</ref> Koch brûkte syn krante om reklame foar dat spoar te meitsjen en om syn [[libertarisme|libertaristyske]] politike ideeën te fentilearjen. Yn de [[krisisjierren]] we er fûl tsjin [[Franklin D. Roosevelt]] syn [[New Deal]] en skreau er opinystikken tsjin fakbûnen, âldereinhuzen en it regulearjen fan de banken.<ref name=vuijst/>
 
==Persoanlik libben==