Theodorus à Brakel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
 
== Biografy ==
Theodorus à Brakel gie yn Inkhuzen nei de [[Latynske skoalle]] en wie nei't er boaske wie oan Grietje Willemsdr. Homma fan 1634 ôf skoalmaster yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. Fanwege syn frommens en kunde fan it kristlik leauwe waard er 1637 nei in eksamen troch de [[klassis (religy)|klassis]] Ljouwert sûnder akademyske oplieding talitten ta it amt fan predikant. Yn 1638 waard er predikant yn [[Bears]] en [[Jellum]], 1652 gie er nei [[De Burch]] op [[Teksel]], mar gie in jier letter al wer werom nei [[Fryslân]], nei Makkum, dêr't er oant syn dea yn febrewaris 1669 ta bliuwe soe. [[Wilhelmus à Brakel]] (1635-1711), syn soan, wie ek in fertsjintwurdiger fan belang fan de [[Fierdere Reformaasje]].
 
À Brakel wie in mystyk teolooch dy't him trochstrings net bemuoide mei de protte teologyske skelen fan de [[17e ieu]]. Zijn [[aseze|asetyske]], [[puritein]]ske libbenstyl makke op ferskate minsken in djippe yndruk, ûnder oaren op [[Anna Maria van Schurman]].