Syrus de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: hr:Kir Veliki is een etalage-artikel; tekstwiziging
L ynfoboks
Rigel 1:
{{Dyn koart
[[Ofbyld:Cyrus II of Persia.jpg|thumb|right|250px|In reliëf fan Syrus de Grutte.]]
| namme = Syrus de Grutte
| ôfbylding = Cyrus II of Persia.jpg
| ôfbyldingstekst = In reliëf fan Syrus de Grutte.
| ôfbyldingsbreedte = 220px
| nasjonaliteit = [[File:Standard of Cyrus the Great (Achaemenid Empire).svg|15px]] [[Perzyske Ryk|Perzysk]]
| berteplak = [[Anshan (Perzje)|Anshan]]
| bertedatum = ±600/±576 f.Kr.
| stjerplak = oan 'e [[Syr Darja]]
| stjerdatum = 530 f.Kr.
| funksje1 = Kening der keningen fan [[Perzyske Ryk|Perzje]]
| regear1 = 559 – 530 f.Kr.
| amtsperioade1 =
| foargonger1 = [[Kambyses I]]
| opfolger1 = [[Kambyses II]]
| funksje2 = Kening fan [[Meden|Meedje]]
| regear2 = 549 – 530
| amtsperioade2 =
| foargonger2 = [[Astyages]]
| opfolger2 = [[Kambyses II]]
| funksje3 = Kening fan [[Nijbabyloanyske Ryk|Babylon]]
| regear3 = 538 – 530
| amtsperioade3 =
| foargonger3 = [[Nabonidus]]
| opfolger3 = [[Kambyses II]]
}}
'''Syrus II''' ([[Aldperzysk]]: 𐎤𐎢𐎽𐎢𐏁, Kūruš; [[Perzysk|Nijperzysk]]: کوروش, Kūruš; ±600 f.Kr. of ±576 f.Kr. – 530 f.Kr.), better bekend as '''Syrus de Grutte''' of '''Syrus de Aldere''', en yn 'e [[Bibel]] '''Koaresj''' neamd, wie in [[Perzyske Ryk|Perzysk]] kening en de stifter fan it [[Achémenidyske Ryk|Achémenidyske Perzyske Ryk]]. Under syn regear, fan 559 ôf, wreide Perzje him út oant it alle eardere beskavings fan it [[Heine Easten]] omfette, mei grinzen dy't fan 'e [[Bosporus]] oant [[Ynje]] en fan 'e [[Sinaï]] oant de [[Kaukasus]] en [[Sintraal-Aazje]] rikten. It iennichste wichtige ryk fan it [[Midden-Easten]] dat er net ferovere, wie [[Egypte]], en it iennichste dat him dat belette, wie syn dea op it slachfjild oan 'e rivier de [[Syr Darja]], yn 530 f.Kr.
 
Line 17 ⟶ 42:
Nei de ferovering fan it Medyske Ryk folge dy fan it [[Lydje|Lydyske Ryk]] yn [[Lyts-Aazje]]. Neffens de tradysje fan Herodotus en oaren foel [[Kroesus]], de kening fan Lydje, Syrus oan om't er Astyages wreekje woe, mar yn alle reedlikheid leit it mear foar de hân dat er syn buorlân yn ûnstjoer seach en besleat om fan 'e sitewaasje gebrûk te meitsjen troch Syrus guon grinsprovinsjes, of miskien wol hiel syn ryk, te ûntnaderjen. It is net alhiel dúdlik wannear't dizze oarloch plakfûn; Herodotus wol hawwe dat it yn 547-546 f.Kr. wie, mar moderne histoarisy liket dat ûnwierskynlik. Yn elts gefal moat it tusken Syrus syn ferovering fan Ekbatana, yn 549 f.Kr., en syn ferovering fan [[Babyloanje]], yn 538 f.Kr., west hawwe. Syrus en Harpagus sloegen de ynfaazje fan 'e [[Lydiërs]] werom, giene doe sels yn 'e oanfal en belegeren Kroesus yn syn haadstêd te [[Sardis]]. Kroesus hie om help stjoerd nei syn bûnsgenoaten, mar ear't dy fanwegen komme koene, fersloegen Syrus en Harpagus him definityf yn 'e [[Slach by Tymbra]], namen him kriichsfinzen en besetten Sardis.
 
Kroesus waard dêrnei meifierd nei Syrus syn haadstêd [[Pasargadee]] ta, en neffens ferskate (mar net alle) ferslaggen oansteld as riedsman fan Syrus. Fuort neitiid briek der in opstân út yn Lydje, dy't fluch de kop yndrukt waard troch Syrus syn legeroerste [[Mazares]]. De lieder fan 'e opstân, [[Paktyas]], flechte dêrop nei [[Ioanje]], it troch [[Griken]] bewenne part fan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't er in hierlingeleger op 'e foet hope te bringen. Mar Mazares efterfolge him en ferovere Ioanje, wêrby't er û.o. de Grykske stêden [[Magnesia oan de Meänder]] en [[Priëne]] ynnaam. Nei Mazares syn dea troch ûnbekende oarsaken, stjoerde Syrus Harpagus om him te ferfangen, en dy makke de ferovering fan Lyts-Aazje ôf troch [[Lysje]], [[Silysje]] en letter ek de [[Fenysje|Fenisyske stêdsteaten]] te oerweldigjen. Harpagus rûne dizze feroverings nei alle gedachten ôf yn 542 f.Kr.
[[Ofbyld:Cyrus tomb.jpg|thumb|right|250px|De [[Grêftombe fan Syrus]], yn it [[Iran|Iraanske]] [[Pasargadee]], dy't sûnt [[2006]] op 'e [[Wrâlderfskiplist]] fan 'e [[UNESCO]] stiet.]]
Kroesus waard dêrnei meifierd nei Syrus syn haadstêd [[Pasargadee]] ta, en neffens ferskate (mar net alle) ferslaggen oansteld as riedsman fan Syrus. Fuort neitiid briek der in opstân út yn Lydje, dy't fluch de kop yndrukt waard troch Syrus syn legeroerste [[Mazares]]. De lieder fan 'e opstân, [[Paktyas]], flechte dêrop nei [[Ioanje]], it troch [[Griken]] bewenne part fan 'e westkust fan Lyts-Aazje, dêr't er in hierlingeleger op 'e foet hope te bringen. Mar Mazares efterfolge him en ferovere Ioanje, wêrby't er û.o. de Grykske stêden [[Magnesia oan de Meänder]] en [[Priëne]] ynnaam. Nei Mazares syn dea troch ûnbekende oarsaken, stjoerde Syrus Harpagus om him te ferfangen, en dy makke de ferovering fan Lyts-Aazje ôf troch [[Lysje]], [[Silysje]] en letter ek de [[Fenysje|Fenisyske stêdsteaten]] te oerweldigjen. Harpagus rûne dizze feroverings nei alle gedachten ôf yn 542 f.Kr.
 
Yn 540 f.Kr. oermastere Syrus it keninkryk [[Elam]] en naam er [[Sûsan]], de haadstêd dêrfan, yn. Fuort dêrnei teach er op nei [[Mesopotaamje]], dat doedestiden yn 'e hannen wie fan it santich jier earder stifte [[Nijbabyloanyske Ryk]]. De ferovering dêrfan gie dat it slydjage, mei om't Syrus it belied opfette om ôfsûnderlik mei eltse Babyloanyske generaal te ûnderhanneljen, wat de kommandostruktuer fan it Babyloanyske leger slim ûndergroef. Uteinlik waard yn oktober 539 f.Kr. troch in mûklist de haadstêd [[Babylon]] ynnommen en de lêste Babyloanyske kening, [[Nabonidus]], finzen nommen. De Babyloaniërs hiene, wat de oerhearske folken yn harren ryk oanbelange, in polityk fan deportaasjes fierd; Syrus de Grutte draaide dat, yn 538 f.Kr., om en moedige de ballingen yn Mesopotaamje, mei dêrûnder de Joaden, krekt oan om wer nei har âlde heitelân werom te kearen. It wie in ferstannich belied, dêr't er withoefolle trouwe ûnderdienen mei wûn. Behalven Mesopotaamje hearden ek [[Aram]] ([[Syrje]]) en de rest fan 'e [[Levant]], oan 'e [[Sinaï|Sinaï-woastyn]] ta, by it Nijbabyloanyske Ryk; dy gebieten giene no mei oer nei it Perzyske Ryk.
 
It is net alhiel dúdlik wat der nei de ferovering fan Babyloanje krekt barde, mar yn elts gefal rekke Syrus yn oarloch mei de [[Massageten]], in oan 'e [[Skyten]] besibbe folk út Sintraal-Aazje. Neffens Herodotus besocht Syrus earst om harren keninginne, [[Tomyris]], oer te heljen om mei him te trouwen, en doe't se dat wegere, foel er har ryk binnen. By in alderfûleindichst treffen oan 'e rivier de [[Syr Darja]], yn 530 f.Kr., litten de Perzen in gefoelige nederlaach en kaam Syrus de Grutte om. Syn lyk waard werombrocht nei syn haadstêd Pasargadee, dêr't noch altiten in tombe stiet, datearjend fan 540-530 f.Kr., dêr't fan sein wurdt dat it sines is.
 
 
{{boarnen|boarnefernijing=