Oprah Winfrey: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 54:
Winfrey hat ek in tige yntime relaasje mei har bêste freondinne, [[Gayle King]], de eardere presintatrise fan ''The Gayle King Show'', dy't no [[redaktrise]] is foar ''O, The Oprah Magazine''. Der geane oanhâldend geroften dat Winfrey en King in lesbyske relaasje ûnderhâlde soene, mar Winfrey hat soks nei it ryk der fabels ferwiisd troch te sizzen: ''"Ik haw frijwol alles ferteld dat ik te fertellen haw. Myn hiele hawwen en hâlden is bekend. En nòch tinke de minsken dat ik my sa skamje soe foar myn homoseksualiteit dat ik it net tajaan wolle soe? Kom no."''
 
===Filantropy===
Njonken har eigentlike wurk besteget Oprah Winfrey ek in grut part fan har tiid oan [[goeddiedichheid]]sprojekten. Sa rjochte se yn [[1998]] ''[[Oprah's Angel Network]]'' op, in stifting dy't goeddiedige projekten en non-profitorganisaasjes oer de hiele wrâld finansjeel ûnderstipet. Yn 'e tolve jier fan syn bestean (de stifting waard yn [[2010]] opheft) helle ''Oprah's Angel Network'' $80 miljoen op foar goede doelen (wêrfan't $1 miljoen donearre waard troch de [[sjonger]] [[Jon Bon Jovi]]). Mei't Winfrey alle administrative kosten út eigen beurs betelle, gie dat jild foar de folle 100% nei de plakken dêr't it nedich wie. Fierders hat Winfrey yn [[2004]] yn it troch [[AIDS]] en [[ferkrêfting|seksueel geweld]] teheistere [[Súd-Afrika]] in famkesskoalle oprjochte, de ''[[Oprah Winfrey Leadership Academy for Girls]]'', dêr't se fia in satellytferbining lesjout.
[[File:FEMA_-_15330_-_Photograph_by_Andrea_Booher_taken_on_09-09-2005_in_Texas.jpg|right|thumb|250px|Winfrey besiket lju út [[New Orleans]], nei de evakuaasje fan dy stêd fanwegen de [[orkaan]] [[Orkaan Katrina|Katrina]], yn [[2005]].]]