Kollumersk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red + oanf
Rigel 1:
{{Universele ynfoboks taal
It '''Kollumersk''' is it dialekt dat yn [[Kollum]], it haaddoarp fan de gemeente [[Kollumerlân|Kollumerlân c.a.]] yn de [[Nederlân]]ske [[provinsje]] [[Fryslân]] sprutsen wurdt. Dit dialekt is in fariant fan it [[Stedfrysk]]. Der binne wat lytse ferskillen. It Kollumer dialekt hat mear Fryske wurden en útdrukkingen as it Stedfrysk. Fierder hat it ek inkelde ynfloeden fan it Grinzer dialekt. It moat net betiize wurde mei it [[Kollumerlânsk]], dat sprutsen wurd yn it easten fan de gemeente Kollumerlân. It Kollumerlânsk rekkent men ta it [[Westerkertiersk]].
| namme = Kollumersk
| oare namme(n) =
| eigen namme = ''Kòllumers''
| lânseigen yn = [[Nederlân]]
| tal sprekkers = ±1.200 (2004, skatting)
| skrift = [[Latynsk alfabet]]
| taalfamylje = ● [[Yndo-Jeropeeske talen|Yndo-Jeropeesk]]
● [[Germaanske talen|Germaansk]]
● [[Westgermaanske talen|Westgermaansk]]
● [[Súdwestgermaanske talen|Súdwestgermaansk]]
● [[Nederfrankysk-Nedersaksyske talen|Nederfr.-Nedersaks.]]
● [[Nederfrankyske talen|Nederfrankysk]]
● [[Nederlânsk]]
● [[Hollânsk]]
● [[Hollânsk-Fryske mingdialekten|Hollânsk-Frysk]]
● [[Stedsk]]
● '''Kollumersk'''
| dialekten = gjint
| offisjele status= gjint
| erkenning as minderheidstaal = [[File:Flag of the Netherlands.svg|20px]] [[Nederlân]]:
● [[File:Frisian flag.svg|20px]] [[Fryslân]] (as streektaal)
| ISO 639-1 =
| ISO 639-2 =
| ISO 639-3 =

It '''Kollumersk''' (Kollumersk: ''Kòllumers'') is in [[dialekt]] fan it [[Stedsk]] dat sprutsen wurdt yn [[Kollum]], it haaddoarp fan 'e gemeente [[Kollumerlân]], yn it noardeasten fan 'e provinsje [[Fryslân]]. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e [[achttjinde ieu]], mar it is ûndúdlik wêrom't of hoe't it Stedsk him nei Kollum ta útwreide hat. It Kollumersk is in [[Hollânsk]] dialekt, en moat net betize wurde mei it [[Kollumerlânsk]] of it [[Pompstersk]] (fan [[Kollumerpomp]]), dat [[Nedersaksysk]]e taalfoarmen binne, dy't yn it eastlike part fan Kollumerlân sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Kollumersk, no't de skoalbern yn it doarp foar it meastepart [[Nederlânsk]]talich grutbrocht wurde.

==Klassifikaasje==
Foarhinne bestie der twifel oer oft it Kollumersk wol ta it Stedsk rekkene wurde koe, mei't it dêrby tradysjoneel allinne mar gie om 'e dialekten fan 'e stêden [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[Snits (stêd)|Snits]], [[Frjentsjer]], [[Harns (stêd)|Harns]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Dokkum]] en [[Starum]]. Hoewol't der yn [[1895]], [[1937]] en [[1955]] enkêtes holden waarden ûnder sprekkers fan it Kollumersk, bestie oant resint dochs noch twifel oer de klassifikaasje fan it dialekt.
[[File:Lânkaart lokaasje Kollumersk.PNG|left|thumb|250px|De lokaasje fan it Kollumersk yn 'e provinsje [[Fryslân]].]]

Ut in ûndersyk dat yn [[1996]] troch [[taalkundige]] [[Cor van Bree]] ferrjochte waard ûnder in groepke âldere ynwenners fan Kollum, die lykwols ûntsjinsisber de status fan it pleatslike dialekt as in foarm fan it Stedsk bliken. Yn in lêzing dy't er yn [[2008]] hold yn ''De Colle'', yn Kollum, tsjutte taalkundige en meiwurker fan 'e [[Fryske Akademy]] [[Pieter Duijff]] oan dat der wol deeglik beskate ferskillen besteane tusken it Kollumersk en de oare Stedske dialekten, mar dat dy allegearre út te lizzen binne troch de [[geografy]]ske lokaasje fan Kollum yn it easten fan Fryslân en oan 'e râne fan it [[Frysk]]e taalgebiet, yn tsjinstelling ta de oare Stedske dialekten, dy't allegearre middenyn 'e provinsje of oan 'e kust sprutsen wurde.

==Taaleigenskippen==
It Kollumersk omfiemet typysk Stedske wurdfoarmen as ''wurtel'' ("woartel"), ''speule'' ("boartsje"), ''deen'' ("dien"), ''suden'' ("soene") en ''wuden'' ("woene"). It ûnderskiedt him lykwols benammen fan 'e oare Stedske dialekten troch de ynkorporaasje fan mear [[Frysk]]e wurden en útdrukkings. Sa neame Kollumers de bekende produsint fan konsumpsje-aaien in ''hin'' ("hin"), wylst alle oare Stedske dialekten dêrfoar it wurd ''kyp'' brûke. Hjirûnder noch in pear soksoarte foarbylden:
[[File:Old townhall Kollum NL.jpg|right|thumb|250px|It âlde gemeentehûs fan [[Kollumerlân]], oan 'e Foarstrjitte yn [[Kollum]].]]
{| class="wikitable"

! wurd
! Kollumersk
! [[Ljouwertersk]]
! [[Snitsersk]]
! [[Frjentsjertersk]]
! [[Harnzersk]]
! [[Dokkumersk]]
! [[Boalsertersk]]
! [[Starumersk]]

| ankel
| ''ankel''
| ''enkel''
| ''enkel''
| ''enkel''
| ''enkel''
| ''enkel''
| ''enkel'', ''ankel''
| ''enkel''

| bôle
| ''bôle''
| ''broad''
| ''broad''
| ''broad''
| ''broad''
| ''broad''
| ''broad'', ''bôle''
| ''broad''

| hiel, heel
| ''hiel''
| ''heel''
| ''heel''
| ''heel''
| ''heel''
| ''heel''
| ''heel''
| ''heel''

| hin
| ''hin''
| ''kyp''
| ''kyp''
| ''kyp''
| ''kyp''
| ''kyp''
| ''kyp''
| ''kyp''

| snie
| ''snie''
| ''sneeuw'', ''snee''
| ''sneeuw'', ''snee''
| ''snee''
| ''snee''
| ''snie''
| ''snee''
| ''snee''

| sweltsje
| ''swel''
| ''swaluw''
| ''swaluw''
| ''swaluw''
| ''swaluw''
| ''swaluw''
| ''swaluw''
| ''swel''

| toarnbei
| ''tumbei'', ''tunnebei''
| ''braam''
| ''braam''
| ''braam''
| ''braam''
| ''braam'', ''tombei''
| ''braam''
| ''braam'', ''tambei''

Njonken de Fryske ynfloed lit it Kollumersk teffens beskate ynfloeden sjen fan 'e [[Nedersaksysk]]e [[Grinslânsk]]e dialekten, benammen fan it [[Westerkertiersk]]. Sa knipe Kollumers bygelyks krekt as Grinslanners it [[efterheaksel]] ''-en'' ôf, sadat der in wurdlid ûntstiet dat inkeld ''-n'' omfiemet.

== Keppeling om utens ==
* [http://home.planet.nl/~reits334/Kollumers/ ItIn webside dy't wijd is oan it Kollumersk]

{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Boelens, K., et al.}}, ''Twataligens: Ynlieding yn Underskate Aspekten fan de Twataligens'', Ljouwert, 1981 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 27 30 086.
* {{Aut|Duijff, Pieter}}, ''Fries en Stadsfries'', De Haach, 2002 (Sdu Uitgevers), ISBN 9 01 20 90 156.
* {{Aut|Duijff, Pieter}}, ''It Stedfrysk en it Kollumersk'', lêzing, 19 novimber 2008 foar de Aldheidkeameer "Mr. Andreae" en de Fryske Akademy, yn ''De Colle'', te Kollum (tekst beskikber op [http://home.planet.nl/~reits334/Kollumers/ dizze side]).
* {{Aut|Duijff, Pieter}}, ''Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten'', Ljouwert, 1998 (Fryske Akademy), ISBN 9 06 17 18 600.
* {{Aut|Haan, G.J. de}}, ''Frisian Grammar'', Grins, (sûnder jier).
* {{Aut|Jansma, Klaas}}, ''Friesland en Zijn 44 Gemeenten'', Ljouwert, 1981 (''Frysk Deiblêd''), ISBN 9 06 48 00 154.

{{Berjocht:Taal yn Fryslân}}

[[Kategory:Stedsk]]
[[Kategory:Kollum]]
[[Kategory:Kollumerlân]]