Pieter Duijff: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kou
+berteplak
Rigel 1:
'''Pieter Duijff''' ([[Rinsumageast]], [[1957]]) is in [[Fryslân|Frysk]] [[taalkundige]], [[wurdboek]]gearstaller, [[publisist]] en [[resinsint]] dy't wurksum is by de [[Fryske Akademy]] te [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. By syn wurk leit er him foar in wichtich part ta op it [[Stedsk]] en de [[dialekt|ûnderdialekten]] dêrfan. Sa hat er yn [[1998]] it boek ''Wurdlisten fan 'e Fryske Stedsdialekten'' gearstald, en skreau er yn [[2002]] it boekje ''Fries en Stadsfries'' foar de rige ''Taal in Stad en Land'' fan 'e [[De Haach|Haachske]] [[útjouwerij]] ''[[Sdu Uitgevers]]''. Dêrnjonken wie Duijff ek ferantwurdlik foar it ta stân kommen fan it ''[[Juridysk Wurdboek Nederlânsk-Frysk]]'', yn [[2000]], dêr't trouwens in [[Frysk]]-[[Nederlânsk]]e yndeks by ynsit, en hied er mei [[Frits van der Kuip]] de einredaksje fan it ''[[Frysk Hânwurdboek]]'', dat yn [[2008]] reekaam.
 
Duijff is fierders ek aktyf as kritikus fan û.m. [[Fryske literatuer]] en [[Frysk]]e [[film]]s. Sa hat er wurk fan [[skriuwer]]s as [[Rink van der Velde]], [[Trinus Riemersma]], [[G. Willem Abma]] en [[Meindert Bijlsma]] resinsearre, en teffens de útjeften fan 'e [[Kristlik Fryske Folksbibleteek]] yn it algemien. Faak giet it datoangeande by Duijff likefolle of mear oer it [[taal]]gebrûk as oer de [[literatuer|literêre]] wearde fan it oangeande wurk. Duijff beheint himsels ek net ta modern wurk, mar hat bygelyks yn [[1993]] ek in skôging skreaun oer ''De Hoara's fan Hastings'', fan [[Simke Kloosterman]] ([[1876]]-[[1938]]).