Haadling: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nij artikel (begjin)
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 22 mrt 2007 om 16.51

In Haadling (meartal: Haadlingen), wienen oarspronklik de keazen lieders by de Germaanske folken, lykas de Friezen. Sy hienen it yn harren doarp of gebied in skoftlang foar it sizzen. Soms waard yn tiden fan oarloch troch de befolking in haadling as oarlogslieder (hartoch) beneamd.

Midsieuwen

Yn'e Midsieuwen waarden haadlingen hieltyd faker persoanen of ynfloedryke famyljes fan boeren dy't in soad lân hienen. Gestadich oan naamen sy de keazen posysje oer fan de froegere haadlingen. Yn harren doarpen of gebieten beskikten sy oer bestjoerlike en juridyske bevoegdheden. As teken fan harren macht ûntstie sûnt dy tiid talryke stinzen, ferstjerkte stienen hûzen.