Ferskil tusken ferzjes fan "Poddestoel"

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
omst
(nije side)
 
(omst)
[[File:Paddenstoelen.jpg|right|thumb|200px|De bekende [[miggeswam]].]]
In '''poddestoel''' is it fleizige, [[spoar (poddestoel)|spoare]]dragende [[fruchtlichem]] fan in [[skimmel]], dat yn 'e regel boppegrûnsk groeit, itsij op 'e [[ierde|grûn]], itsij op 'e itensboarne fan 'e oangeande skimmel, lykas in [[beam]]. Poddestuollen besteane yn 'e regel út in [[stâle (poddestoel)|stâle]] en in [[poddehoed]], in gauris oarskleurige ferbreding boppe-op 'e stâle. De ûnderkant fan 'e hoed befettet [[kieukiuw]]-eftige spjalten, de ''[[lamella (mykology)|lamellae]]'' (inkeltal: ''lamella''), dêr't de [[spoar (poddestoel)|spoaren]] groeie. Oars as dat faak oannommen wurdt, foarmje poddestuollen mar in lyts part fan 'e eigentlik skimmel, dy't foar it grutste part ûnder de grûn sit en bestiet út [[skimmeltrie]]dden.
 
Poddestuollen steane derom bekend dat se hiel fluch groeie, wat oanlieding jûn hat ta de siswize "as poddestuollen út 'e grûn rize". Foarhinne waarden dy flugge groei, de nuvere, soms suver obsene foarmen en de felle kleuren as ûnnatuerlik beskôge. Sadwaande waarden poddestuollen gauris yn ferbân brocht mei [[tsjoenderij]] en [[hekserij]]. In rûnte fan poddestuollen (feroarsake trochdat de ûndergrûnske skimmeltriedden mei-inoar ferbûn binne), kaam dêrtroch bekend te stean as in [[heksering]] (al wurdt soks yn it [[Frysk]] ek wol, en minder makaber, in [[tsjernpaad]] neamd). Ek in protte nammen fan ôfsûnderlike poddestuollesoarten geane noch op dy boppenatuerlike taskriuwing werom, lykas dy fan 'e [[gewoane hekseboleet]], de [[satansboleet]], de [[duvelsbrearussula]], it [[swevelkopke]] ([[swevel]] ferwiist ommers nei de [[hel]]) en it [[feeëbankje]], al binne der ek genôch "ûnskuldiger" nammen, lykas it [[iikhoarntsjebrea]] (of sjerpboltsje), de [[pearelamanyt]] en de [[grutte parasolswam]].
10.424

bewurkings