Kaakleaze fisken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 49:
De âldste [[fossyl|fossilen]] fan kaakleaze fisken datearje út it [[Kambrium]], en tsjintwurdich besteane der noch mar twa groepen: de [[njoggeneagen]] (''Petromyzontida'' of ''Hyperoartia'') en de [[slymnjoggeneagen]] (''Myxini''), dy't mei-inoar sa'n 120 ûnderskate libbene [[soarte]]n omfiemje. Hoewol't de slymnjoggeneagen gjin echte [[wringe (rêchbonke)|wringe]] hawwe, wurde se dochs ta de [[wringedieren]] rekkene, om't har neiste sibben, de njoggeneagen, wol oer sa'n rêchbonke beskikke. [[Biolooch|Biologen]] ornearje dat de foarâlden fan slymnjoggeneagen oarspronklik ek in wringe hiene, mar dat dy by dizze groep neitiid wer [[evolúsje|fuortevoluëarre]] is.
 
Behalven troch de ôfwêzigens fan kaken wurde de moderne kaakleaze fisken karakterisearre troch it feit dat har [[fin (fisk)|finnen]] net yn pearen foarkomme, sa't dat by oare fisken it gefal is. Ek hawwe se sân of mear pear [[kieukiuw]]wenen, mar ûntbrekt by har yn it [[spiisfertarring]]sstelsel in as sadanich identifisearbere [[mage]]. Krekt as de measte oare fisken binne kaakleaze fisken [[kâldbloedichheid|kâldbloedich]]. Se hawwe in [[skelet]] dat bestiet út [[kreakbien]], en in twakeamerich [[hert]]. Op it mêd fan 'e [[fuortplanting]] fine sawol [[befruchting]] as ûntwikkeling bûten it lichem fan 'e âlden plak. Der bestiet by kaakleaze fisken gjin âlderlike soarch.
 
==Taksonomy==