Folkert Harmens Kuipers: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
No edit summary
Rigel 2:
[[Ofbyld:Skilderij fan it warehûs fan Kuiper yn New York.jpg|thumb|''Warehûs Folkert Harmen Kuipers op it skilderij yn Coopersburg'']]
[[Ofbyld:Coopersburg yn Akkrum.jpg|thumb|''Coopersburg fan de foarkant'']]
'''Folkert Harmens Kuipers''' ( 'Cooper'; [[23 oktober]] [[1843]], [[Akkrum]] - [[31 desimber]] [[1904]], [[New Rochell]], USA[[FSA]]) wie in sakeman-filantroop. Hy is de stifter fan [[Coopersburg]] yn [[Akkrum]] ( [[8 jannewaris]] [[1901]], in tehûs foar 44 âlden fan dagen boppe de 65 jier yn Akkrum, en fan in soartgelikens tehûs yn Chicago. Kuipers emigrearre yn [[1866]] nei Amearika en stifte dêr grutte 'stores' yn [[Chicago]] ( [[1866]] ) en [[New York City|New York]].
 
Kuipers wie de soan fan Willem Harmens Kuipers en Yttje Rommerts de Vries. Hy boaske Antoinette Geraline De Graaff. Yn [[1866]], doe't er 23 wie, emigrearre it húshâlden nei Amearika, dêr't er synhsyn namme feroare ta ''Frank H. Cooper''. By syn earste omswalkingen kaam er yn stêden as Buffalo en Chicago, dêr't er in ûndernimming begûn. Hy bedarre op't lêst yn New Yorkotte yn New York, dêr't er tegearre mei syn kompanjon Harry Siegel in grut warehûs oprjochten hat dat noch altyd bestiet, fergelykber mei Harrods of La Fayette. Op dit gebou liet hy in fjoertoer sette, dy't jûns en nachts syn ljochtbondel oer New York skine liet in dit warehûs yn de belangstelling te setten. Yn lettere jierren is dizze fjoertoer weihelle troch oare ûndernimmers.
 
Yn [[1902]] ferkoft Cooper syn oandiel oan Siegel, mar sûnder him hie de saak net mear it âlde sukses. Cooper syn jonges gongen yn it selde slach fan saken, mar net ien fan harrren hie sa'n sukses as harren heit.