Matthew Gregory Lewis: ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Keppelings om utens: korr |
kt |
||
Rigel 5:
Lewis soe ynearsten diplomaat wurde, lyk as syn heit Matthew Lewis. Hy studearre oan [[Westminster School]] en [[Universiteit fan Oxford|Christ Church]] yn [[Oxford]]. Lewis brocht syn skoalfakânsjes meast fier fan hûs troch om him ta te rieden foar syn takomstige karriêre en om moderne talen te learen. Sa reizge er nei [[Chatham]], [[Skotlân]] en it fêstelân fan Jeropa. Yn 1791 wie er yn [[Parys]] en fan [[1792]] oant [[1793]] wie er yn it Dútske [[Weimar]], dêr't kunde krige oan [[Johann Wolfgang von Goethe|Goethe]], [[Friedrich Schiller|Schiller]], [[Christoph Martin Wieland|Wieland]] en [[August von Kotzebue|Kotzebue]]. Yn [[1794]] hold er tsien wiken yn [[De Haach]] ta en dêr wie it dat er ynspiraasje krige foar it skriuwen fan de goatyske roman ''The Monk''. Noch foardat er werom nei [[Ingelân]] gie hie er it boek ôf. Hy wie doe skraachwurk tweintich jier.
''The Monk'' beskriuwt de delgeande spiraal dêr't it libben fan in [[sadisme|sadistyske]], op seks beluste [[muonts]] mei de namme ''Ambrosio'' yn telâne komt. It ferhaal tilt op fan sadisme, mar fan [[magy]], seksuele aktiviteiten binnen de muorren fan in [[kleaster]], in ferbûn mei [[Satan]], in [[ferkrêfting]], [[Non|nonnen]] dy't in famke tramtearje en [[ynsest]], en hat ta de ferbylding sprekkende eleminten as ''[[Ahasverus (wandeljende Joad)|de Wandeljende Joad]]'' en de
''The Monk'' waard in jier nei de earste publikaasje ferbean. Lewis hat doe in nije, keinere ferzje útbrocht. De tema's út it boek bleaune lykwols oerein. It boek soarge foar in protte opskuor, sawol fanwege de ôfgryslike ynhâld as it feit dat in [[geastlike]] it kweawillige haadpersoanaazje yn it ferhaal is. Troch alle spul wie Lewis' namme wol fuortendaliks bekend by foar- en tsjinstanners. Nei in tal jierren yn de polityk besleat Lewis dat er him leaver literatuer dwaande hâlde woe. Dat hy gie fierder mei it skriuwen fan [[proaza]], mar ek mei [[fertalen]] en skriuwen foar [[toaniel]].
Rigel 26:
{{DEFAULTSORT:Lewis, Matthew}}
[[Kategory:Britsk romanskriuwer]]
[[Kategory:Britsk horrorskriuwer]]
[[Kategory:Britsk
[[Kategory:Ingelsk
[[Kategory:Ingelsk politikus]]
|