Ferskil tusken ferzjes fan "Tergrêft"

767 bytes grutter ,  5 jier lyn
samenvoeging met Tergreft
(samenvoeging met Tergreft)
[[Ofbyld:Tergreft-1.JPG|thumb|280px|Sjoen fanôf de dyk fan Burdaard nei Bartlehiem.]]
'''Tergrêft''' (''Offisjeel Frysk'') is in delsettingbuorskip súdlik fan [[Wânswert]] en súdwestlik fan [[Burdaard]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Hy leit op it plak dêr't it [[Dokkumer Djip]] en de [[Dokkumer Ie]] troch in groeven ferbining oan elkoar ferbûn waarden. De delsetting wurdt ek neamd as ''Graft'', ''Graftte'', ''Tergracht'', ''Tergragt'' en ''Ter Gracht''.
 
It buorskip hat syn namme krige troch it trochgraven fan de [[Dokkumer Ie]] yn de [[13e ieu]]. Der wienen twa âlde seeslinken. De iene kaam út de [[Lauwerssee]] en de oare út de [[Middelsee]]. Trochdat dêr in ferbining tusken makke waard ûntstie de Dokkumer Ie. [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] krige sa in farwei nei [[Waadsee|It Waad]]. Tergreft leit by de westlike ein fan dy ferbinings-''grêft''.
 
Hy leit op it plak dêr't it [[Dokkumer Djip]] en de [[Dokkumer Ie]] troch in groeven ferbining oan elkoar ferbûn waarden. De delsetting wurdt ek neamd as ''Graft'', ''Graftte'', ''Tergracht'', ''Tergragt'' en ''Ter Gracht''.
 
By Tergreft leit de [[Iedyk]] it tichtst by de Dokkumer Ie. Op dit plak giet de [[Noardermiedwei]] nei it westen nei [[Hallum]], en de fuortsetting fan de âlde slinge giet as [[Hearrenweister Feart]] nei it noarden nei Wânswert en [[Marrum]].
 
== Sjoch ek ==
*{{Aut|[[Karel F. Gildemacher]]}}, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007,
}}
{{Koördinaten|53_17_09_N_5_50_57_E_type:city_zoom:15_region:NL|53° 17' NB, 5° 51' EL}}
 
[[Kategory:Plak yn Ferwerderadiel]]
535

bewurkings