Geoffrey Chaucer: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: no:Geoffrey Chaucer is een goed artikel
kt
Rigel 1:
[[Ofbyld:Geoffrey Chaucer (17th century).jpg|thumb|225px|Chaucer en syn wapenskyld, anonym portret, 17e ieu.]]
'''Geoffrey Chaucer''' ([[Londen]], sawat [[1343]] - dêre, [[1400]]) wurdt beskôge as de '"heit fan de [[IngelskeIngelsk]]e [[literatuer]]'" en wie skepper fan de meast priizge dichtwurken út de wrâldliteratuer. Hy wie net allinne in útsûnderlik bejeftige auteur en dichter, mar hie it ek drok as soldaat, hofling, diplomaat en amtner en ferfolle in ferkaat oan iepenbiere funksjes. Yn dy karriêre wie er de fertrouling en beskermeling fan trije opienfolgjende keningen, nammentlik [[Eduard III fan Ingelân|Eduard III]] (1312-1377), [[Richard II fan Ingelân|Richard II]] (1367-1400) en [[Hindrik IV fan Ingelân|Hindrik IV]] (1367-1413). Dochs fûn Chaucer de tiid om tûzenen fersregels te skriuwen dy't no noch hieltiten troch literatuerleafhawwers bot wurdearre wurde. Sa liet er sjen dat it Ingelsk út syn tiid (ek wol [[Middelingelsk]] neamd) likegoed brûkt wurde koe yn de [[poëzij]] as it [[Frânsk]] of it [[Latyn]], wat him dy titel fan 'heit fan de Ingelske literatuer' besoarge. Hoewol't er in soad skreaun hat, wurdt er it meast priizge om syn ûnôfwurke [[ramtferhaal]] ''[[The Canterbury Tales]]'', dat yn it [[Frysk]] oerset waard as ''De Canterbury Ferhalen'' troch [[Klaas Hoekstra]].
 
Chaucer syn wurk hat in grut ferskaat oan ûnderwerpen, sjenre en stilen. Hy beljochtet it minslik stribjen nei in sinfol bestean op in soad wizen. Yn syn wurk kombinearret er humor mei earnst en relativearringsfermogen by de behanneling fan wichtige filosofyske fragen. Chaucer is in dichter fan de leafde, dy't er beskriuwt fan gleon troubrek oant spirituele ienheid mei [[God]]. Hy jout in wiidweidich oersjoch fan de swakheden en healwizens, mar ek op de edelmoedigens fan de minskheid.
Rigel 27:
{{DEFAULTSORT:Chaucer, Geoffrey}}
[[Kategory:Midsieusk skriuwer]]
[[Kategory:Ingelsk skriuwerkoarte-ferhaleskriuwer]]
[[Kategory:Ingelsk dichter]]
[[Kategory:Ingelsk pulbisist]]
[[Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne]]
[[Kategory:Ingelsk oersetter]]
[[Kategory:Ingelsk oerheidsfunksjonaris]]
[[Kategory:Ingelsk politikus]]
[[Kategory:Lid fan it Ingelske Legerhûs]]
 
{{Link FA|nl}}