Ferskil tusken ferzjes fan "Jakoba fan Beieren"

L
red
L (red)
{{Dyn
| ofbyld = [[Ofbyld:Jacqueline de Bavière.png|180px]]
| namme = JacobaJakoba fan Beieren
| libben = libben
| berne = [[16 july]] - [[1401]]<br />([[Le Quesnoy]] - [[Henegouwen]])
}}
 
'''JacobaJakoba fan Beieren''' ([[Le Quesnoy]], [[Henegouwen]], [[16 july]] [[1401]] – [[Teijlingen]], by [[Sassenheim]], [[9 oktober]] [[1436]]) wie [[greve]] fan [[Greefskip Hollân|Hollân en Seelân]], [[Greefskip Henegouwen|Henegouwen]] en [[hartoch]] fan [[Hartochdom Beieren|Beieren]].
 
== De earste jierren ==
Op 15-jierrige leeftyd trout se mei de Frânske prins [[Jan fan Touraine]], dy’t yn jannewaris 1417 ferstjert. Fermoedlik troch fergif. Yn 1417 ferstoar har heit [[greve]] [[Willem VI fan Hollân|Willem VI]]. Sy folge har heit op, mar har omke, de Luikske biskop [[Jan fan Beieren]] krige Hollân tawiisd fan de Dútske Keizer [[Sigismund fan it Hillige Roomske Ryk|Sigismund]]. De striid tusken JacobaJakoba en Jan betsjutte in oplibbing fan de [[Hoekske en Kabbeljauske twisten]].
 
Yn [[1418]] troude JacobaJakoba fan Beieren mei har neef, [[Jan IV fan Brabân]]. Se krigen hjirfoar tastimming fan de Paus. Der wie in soad protest tsjin it houlik, sa wienen ûnder oare Hollân en Seelân tsjin. Under druk fan keizer Sigismund waard de pauslike tastimming ynlutsen. Omdat hy syn finansjele ferplichtingen net neikomme koe, ferhierde Jan IV it grûngebiet fan JacobaJakoba foar 12 jier oan har fijân [[Jan fan Beieren]]. JacobaJakoba liet doe it houlik ûnjildich ferklearje en gie nei [[Ingelân]] ta, wêr't sy yn [[1422]] troude mei [[Humphrey fan Gloucester]].
 
Tegearre mei Humprey gie sy yn [[1424]] werom nei Hollân om de striid oan te gean tsjin har eks-man Jan IV, dy’t stipe waard troch [[Filips fan Boergonje]] (Filips de Goede).
Doe't Hymprey har yn [[1425]] yn de stiik lit foar in hofdame, joech JacobaJakoba fan Beieren de striid op. Se joech har oer oan Philips fan Boergonje en waard yn [[Gint]] finzen setten.
 
== Fernijde striid ==
Doe't har omke Jan fan Beieren ferstoar, kamen syn gebieten yn hannen fan Philips fan Boergonje. Jan IV waard greve fan Hollân en Seelân. De Hoeken fersetten har hjirtsjin en befrijden JacobaJakoba fan Beieren. De eallju (leden fan it skuttersgilde “Sint Joaris” fan [[Heusden]] Spiering en Aalburch) slaggen der yn JacobaJakoba fan Beieren te moetsjen en tegearre mei har waard in ûntsnappingsplan makke. JacobaJakoba en har keamenier ferklaaiden har yn mânljusklean en rûnen simpel it kastiel út. Bûten wachte Spiering yn Aalburch mei hynders en it fjouwertal wist te ûntkommen oer Breda en Woudrigem nei Fianen.
 
JacobaJakoba pakt de striid tsjin Philips fan Boergonje wer op yn de trijehoek [[Gouda]] - [[Oudewater]] - [[Schoonhoven]]. Trije jier letter moat se wer frede slute. Yn dit fredesferdrach (de [[Tút fan Delft]]) waard bepaald dat Philips fan Boergonje erfgenamt wurde soe fan JacobaJakoba fan Beieren. En dat JacobaJakoba fan Beieren net mear trouwe mocht. JacobaJakoba bleau yn namme noch grevinne fan Hollân mar moast al rillegau alle macht ôfstean.
 
In skoft letter is se dochs troud mei [[Frank fan Borselle]]. Trochdat se hjirmei it fredesferdrach skeinden, moast se definityf ôfstân dwaan fan al har macht. Se luts har werom op it slot Teylingen, wêr't se yn [[1436]] op 35-jierrige leeftyd ferstoar oan [[tuberkuloaze]]. It is net bekend wêr't JacobaJakoba fan Beieren te hôf brocht is. Der binne oanwizingen dat se yn de Nederlânske herfoarme tsjerke yn [[Sint Maartensdyk]] leit. Mar mear foar de hân leit dôchs dat se yn [[Delft]] leit.
 
== Keppelings om utens ==
* Portret in [http://www.inghist.nl/Onderzoek/Projecten/DVN/lemmata/data/JacobaVanBeieren GeskiednisSkiednis Ynstitút]
 
[[Ofbyld:Jacoba van Beieren (1401-1436), gravin van Holland en Zeeland.jpg|thumb|left|JacobaJakoba fan Beieren]]
 
[[Kategory:Hartoch fan Beieren]]