Joseph Haydn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: no:Joseph Haydn is een goed artikel
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
Hy trout mei Maria Anna Keller. Hy woe leaver trouwe mei har suster, mar dit mocht net fan de skoanheit. It wie net in lokkich houlik. Der kamen gjin bern en Haydn sei faak dat er bliid wie dat er net thús hoegde te wêzen. Hy wie faak yn it selskip fan oare froulju.
 
Yn [[1760]] wurdt hy kapelmaster by [[Grevee Esterhazy]] yn [[Eisenstadt]]. Haydn krige in permanint orkest ta syn foldwaan. Dit wie foar him in goede omjouwing om in soad wurken ôf te leverjen. Stadichoan waard Haydn ferneamder. Hy krige útnoegingenútnûgingen fanút de hiele wrâld lykas [[Parys]], [[Amsterdam]], [[Leipzich]], de [[Feriene Steaten]], [[Spanje]] en [[Itaalje]].
 
De ferneamdheid kaam him goed fan pas yn [[1790]]. De greve gie dea en de kapel waard ûntbûn. Hy krige in aardich pinsjoen mei en hy mocht de titel kapelmaster behâlde. Hy fêstige him as frije keunstner yn Wenen. Op oantrunen fan de fioelist en [[ympressario]] Salamon ûndernaam hy twa reizen nei [[Ingelân]]. Syn [[Londen]]ske symfonyen waarden tige goed ûntfongen. It Ingelse hof woe him graach sjen. Ek krige hy it earedoktoraat fan Oxford. Op syn earste weromreis moete hy de jonge [[Ludwig van Beethoven]], dy’t him folget nei Wenen foar muzyklessen. Echt freonen binne it noait wurden.