UTY: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
'''Gimmestykferiening UTY''' – ''Untspanning Troch Ynspanning'' is de gimmestykferiening fan [[Terkaple]]-[[Eagmaryp]]. UTY is oprjochte yn 1945 en hold syn alderearste útfiering begjin jannewaris 1947 yn it Centrum. De feriening hie doe al 110 leden, fariearend fan skoalbern, opgroeiende jeugd, manlju, froulju en feteranen hearen. In jier letter wie der ek in kleutergroep bykaam en siet it ledental al op 130.
 
De gymlessen waarden yn skoalle jûn, mar de jierlikse útfiering wie yn it Centrum. Der wie sa’n soad animo foar dat der 3 jûnen hâlden waarden. De earste jûn spesjaal foar bern, de twadde jûn foar jongfolk en de tredde jûn foar trouden. Op de earste jûn waarden ek de bern útnoege dy’t net op de gymnastyk sieten; se betellen ien dûbeltsje yntree. Op de oare jûnen wie de yntree foar net-leden ien gûne op de jongfolkjûn en 75 sinten op de troudenjûn. Men koe kaarten yn de foarferkeap oanskaffe by it Centrum en dat wie wol nedich, want fol wie fol. Of sa’t op de útnoegingútnûging stie: ''kaarten foar de útfiering fan 2 Jannewaris binne foarôf te krijen yn it Centrum op âldjiersdei de middeis fan 2-3. Foar de útfiering fan 6 Jannewaris op sneon de 4e, ek fan 2-3. As der oer binne, ek de jûns oan de seal, mar rekkenje der foaral net op''. In jier letter (1948) koenen je tagelyk mei de foarferkeap ek plak besprekke. Dit koste dan 10 sinten it plak. Men die dit “opdat minsken dy’t graach in goed plakje hawwe wolle, der net in oere fan te foaren wêze moatte". Plakken dy lykwols de jûns om healwei achten net beset binne, wurde frij jûn, sels al binne se besprutsen”.
As de bern de 2e en 3e jûn harren oefeningen dien hienen, mochten hja net yn de seal sitte, want dat soe te folle plak ynnimme en soe der temin romte oerbliuwe foar it “gewoane” publyk. De bern waarden dan troch ien fan de UTY bestjoersleden nei hûs ta brocht: “de bern wurde eltse jûn troch ien fan ús bestjoersleden thús brocht, it hat dus alhiel gjin sin se op te heljen, foar eltse rûte giet efkes in bestjoerslid mei dy se oan de doar ta bringt. Dit jildt ek foar de bern út Goaiingaryp, dy wy ek stéfêst op 30 Desimber ferwachtsje en dy wy nei de útfiering ek graach op de les hawwe wolle, weroer al mei master Hofsté praten is, mar dat ta ús grutte spyt noch net ta in útdragende saak kommen is”.