Aiskylos: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
Aiskylos wie in djip leauwich man, mei in ferheft byld fan 'e oppergod [[Seus]], dy't er yn syn stikken beskreau mei in ienfâldige earbiedigens dy't dy fan 'e [[bibel]]ske ''[[Psalmen]]'' net wanlyk is. Krekt as in protte Grykske manlju fan syn tiid wied er ek [[inisjaasjeriten|inisjearre]] yn 'e [[Mystearjes fan Eleusis]], in kultus dy't wijd wie oan 'e fruchtberensgoadinne [[Demeter]], en dy't fêstige wie yn syn eigen berteplak. Mei't de ynwijden fan dy [[mystearjereligy]] om dea swarre moasten dat se der neat oer útbringe soene, is de tsjintwurdige kennis dêroer tige beheind. [[Aristoteles]] fertelt lykwols dat Aiskylos yn ien fan syn toanielstikken beskate geheimen fan 'e kultus ferret hawwe soe. Oare boarnen wolle sels hawwe dat it publyk him op datseldichste plak deadwaan woe, mar dat er krekt op 'e tiid fan ruten spile. [[Herakleides fan Pontus]] beweart dat men him besocht te [[stiennigjen]], en dat er beskûl sykje moast efter it alter yn it orkest fan it [[Dionysusteäter]]. Doe't er neitiid terjocht stie, bearde er dat er de geheimen ûnbewust útbrocht hie, of mooglik dat er net witten hie dat it geheimen wiene. Yn elts gefal waard er frijsprutsen, mar dat skynt mear te krijen hân te hawwen mei syn status as feteraan fan Maraton as mei syn wurklike ûnskuld.
 
Yn 'e 470-er jierren reizge Aiskylos ien of twa kear nei [[Sisylje]], op útnoegingútnûging fan [[Hiero I fan Syrakuse|Hiero I]], de [[tiran]] fan [[Syrakuse]], in wichtige Grykske [[koloanje]] dêre. Fan 473 f.Kr. ôf wie Aiskylos, nei de dea fan syn wichtichste konkurrint [[Frynichus]] elts jier de favoryt by de toanielwedstryd op it Feest fan Dionysus. Yn 458 f.Kr. gied er noch in lêste kear nei Sisylje ta, wêrby't er de stêd [[Gela]], oan 'e súdkust, oandie. Dêre ferstoar er yn 456 of 455 f.Kr. De [[Romeinske Ryk|Romeinske]] anekdoateskriuwer [[Falearius Maksimus]] kaam yn 'e [[earste ieu]] mei it ûnwierskynlike ferhaal op 'e lapen dat Aiskylos bûten de stedsmuorren fan Gela omkaam doe't in [[earn]] syn keale plasse oanseach foar in gaadlike rots om in [[skylpodde]] op tepletter te smiten, en dat er, mei oare wurden, it slachtoffer waard fan in fallend [[reptyl]]. [[Plinius de Aldere]] foege dêr yn syn ''Naturalis Historiæ'' noch oan ta dat de ûngelokkige toanielskriuwer krekt bûtendoar ferkearde om in profesije te ûntrinnen dy't hawwe woe dat er troch in fallend foarwerp deade wurde soe.
 
Aiskylos stie yn Atene yn sok heech oansjen dat syn toanielstikken de iennichsten wiene dy't nei syn dea noch weropfierd wurde mochten op it Feest fan Dionysus. Syn soannen [[Euforion (toanielskriuwer)|Euforion]] en Euéon folgen yn har heite fuotstappen en waarden ek toanielskriuwers, mar koene har heite rom by lange nei net belykje. De ynskripsje op Aiskylos syn grêfstien sei neat oer syn karriêre as toanielskriuwer, mar ferwiisde ynstee nei syn meifjochtsjen yn 'e Perzyske Oarloggen: