Fret: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 20:
 
==Hâlden en dragen==
Yn 'e regel bringe fretten 14-18 oeren deis sliepend troch en wurde se aktyf om 'e jûnsskimer en de moarnsdage hinne. Oars as murden, dy't solitêr libje, binne fretten sosjale bisten, dy't graach ûnder soartgenoaten ferkeare. Se binne territoriaal en sliepe it leafst yn in krappe romte, dêr't se har dan hielendal oprôlje. Krekt as murden en in protte oare martereftigen beskikke fretten oer anaalklieren dêr't se in stjonkende floeistof út spuitsje kinne as se kjel of benaud binne. Ek brûke se dat wol om har territoarium te markearjen. Yn 'e [[Feriene Steaten]] wurde fretten yn 'e regel "ûntrookt" (''de-scented''), d.w.s. operatyf fan 'e anaalklieren ûntdien, mar yn [[Jeropa]] wurdt soks yn 'e measte gefallen beskôge as in ûnnedige skeining. As se opwûn reitsje, kin fretten mâltjirgjend omspringe yn wat faak harren "kriichsdûnske" neamd wurdt. Dat is gjin teken fan agresje, mar in bolbjirkene útnoegingútnûging om te boartsjen, en giet gauris mank mei it útslaan fan in sêft ketskjend lûd. As se lulk binne, meitsje fretten krekt in tige karakteristyk siizjend lûd.
[[Image:Vinnie the Ferret in a War Dance Jump.jpg|right|thumb|250px|In fret dy't in "kriichsdûnske" opfierd.]]