Ferskil tusken ferzjes fan "Leon Trotski"

(→‎Oar: kt)
 
== Foar de revolúsje ==
Trotski groeide op yn in [[Joad]]ske húshâlding yn de [[OekraïneUkraïne]]. Doe't hy 17 waard sluet hy him oan by de [[Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij]]. Twa jier letter waard hy foar it earst arrestearre fanwege revolúsjonêre aktiviteiten. Nei in pear moannen yn iensume opsluting waard hy fuortbrocht nei [[Sibearje]]. Hy wist dêr te ûntsnappen en gie troch nei [[Londen]]. Op it twadde kongres fan de Russyske Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij sluet hy him oan by de [[mensjewiken]]. Dit soe [[Jozef Stalin]] letter tsjin him brûke. Yn 1904 bruts hy mei de mensjewiken en oant 1917 bleau hy in ûnôfhinklike sosjaal-demokraat.
 
Yn [[Sint Petersburch]] naam hy yn [[1905]] de lieding fan de earste sowjet op him. Hy waard wer arrestearre en wer nei Sibearje brocht. En opnij wist hy te ûntsnappen. Trotski gie nei [[Jeropa]]. Yn [[Frankryk]] waard er útsetten omdat er in kommunistyske organisaasje oan it opsetten wie yn [[Parys]]. Trotski sette ôf nei de [[Feriene Steaten]] en fan dêrút kaam hy yn maaie [[1917]] oan yn Sint Petersburch wêr't hy it foarsitterskip fan de pleatselike sowjet op him naam.
10.424

bewurkings