In Krystliet yn Proaza: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 8:
 
==Plot==
Yn ''In Krystliet yn Proaza'' is de haadpersoan de sakeman Ebenezer Scrooge, dy't troch Dickens (yn oersetting fan Veenbaas) omskreaun wurdt as "in tinne, deune, klauwende, skrabjende, gjirrige âlde sûnder", dy't gjin romte yn syn libben hat foar freonlikheid, begrutsjen, goeddiedichheid of goedaardichheid. Hy hatet de kryst, stegeret de útnoegingútnûging ta in gastmiel troch syn omkesizzer Fred ôf, en wiist inkele hearen op ûnfatsoenlike wize it gat fan 'e doar as hja him om in jefte foar de earmen freegje. Syn iennichste "krystgeskink" is dat er syn oerwurke en ûnderbetelle klerk Bob Cratchit mei wrok en tsjinnichheid tastiet om Earste Krystdei frij te nimmen sûnder lean.
 
As er op dy bitter kâlde krystjûn, persiis sân jier nei't syn lykstimde sakepartner Jacob Marley stoarn is, nei hûs ta giet, wurdt er besocht troch Marley syn geast, dy't no foar ivich in bestraffing yn it hjirneimels ûndergiet. Marley warskôget Scrooge dat er feroarje moat as er net itselde lot ûndergean wol as hysels, en kundiget oan dat Scrooge dy nachts besocht wurde sil troch trije oare geasten.