Maaike Schuurmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw foaral de opmaak wat feroare.
Theun (oerlis | bydragen)
De Fûke,Wa't ik bin op simmertime fuorthelle, dat is eins logysk dat se har hit mei de kast dêr ek song hat.
Rigel 3:
As bern hie Schuurmans graach ballerina wurde wold mar hja blykte dêr de goede lichemsbou net foar te hawwen. Se studearre fan 1985 oant 1990 oan de [[Akadeemje fan Kleinkunst]] yn Amsterdam. Nei har slagjen wie se te sjen op podia fan Nederlân, Dútslân, Belgje en fan London yn musicals lykas: ''Cats'', ''Joe, de Musical'' en ''Mozart. Mar ek as ''Janke'' yn de film [[De Gouden Swipe]]. Maaike spile ek yn de kabaretfoarstelling [[Eurosuperfries]] mei en skreaun troch [[Rients Gratama]]. Mei Rients song se letter ek it bekende ''De búgel fan Looft den Heer''.
 
Yn Nederlân ken men har ek fan de hit ''Wa’t ik bin'', in duet dat se opnaam mei popgroep [[De Kast]] foar de film [[De Fûke]]. Mei De Kast wie se ek te sjen yn it muzyktheater-spektakel [[Simmertime]] yn [[Simmer 2000]]. Maaike song doe mei De Kast de single ''Wa’t ik bin''. Se hie in grutte rol op it album Simmertime mei gearwurking fan De Kast, Rients Gratama en [[Piter Wilkens]]. Oant 1 april 2001 hie se de rol fan ''Magda'' yn de musical ''Tanz der Vampire''.
 
Maaike is in echte podium-persoanlikheid met in prachtige stim. Ynspirearre troch de cd ''Painted from memory'' (Bacharach/Costello) hat Maaike har ferdjippe yn it libben en de muzyk fan Burt Bacharach, skriuwer fan ûnder oaren ferskes as ''Raindrops keep fallin’on my head'' en ''Walk on by''. It wie de basis foar har foarstelling ''Anyone who had a heart''.