Alice yn Wûnderlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 17:
Eefkes letter komt de Wite Knyn wer foarby. As hja foar him, om't er har oansjocht foar syn tsjinstfaam, de wanten fan 'e hartoginne út 'e hûs helje sil, groeit se by ûngelok wer grutter, oant der in kliber bisten komt dy't har mei stiennen bekûgelet. De stiennen feroarje yn koekjes as se har reitsje, en as se dy opyt, krimpt se wer. Dêrop moetet se in blauwe [[rûp]] dy't op in [[poddestoel]] in [[wetterpiip]] sit te smoken. Dy riedt har oan om stikjes fan beskate dielen fan 'e poddestoel ôf te brekken en te bewarjen, mei't it opiten dêrfan har groeie en krimpe litte kin.
 
Nei in eintsje rinnen berikt Alice it hearehûs fan 'e hartoginne, dêr't se in petear hat mei in [[kikkert]] dy't dêr tsjinstfeint is. Se rekket der lykwols allinnich mar noch mear betize fan. Se giet mei de hartoginne oan it miel, mar de kokkinne hat fiersten tefolle [[piper]] yn it iten dien, dat alle iters útsein de kokkinne sels en de Cheshire-kat moatte der freeslik fan prûsteproeste. Nei iten jout de Cheshire-kat har oanwizings om by it hûs fan 'e Maartske Hazze te kommen. As se dêr arivearret, giet se oan 'e tee mei de Maartske Hazze, de Gekke Huoddemakker en in [[sânslieper]], dy't sa slûch is dat er hieltyd yn 'e sûs rekket, mar dan hurdhandich wer wekkerskodde wurdt troch de Maartske Hazze of de Huoddemakker. Under it absurde petear bringt de dy lêste op 't aljemint dat er der ea fan beskuldige is dat er besocht de tiid te deadzjen. Dêrom is de Tiid sa lulk op him wurden dat er foar him net mear rinne wol. Sadwaande is it no altiten teetyd. Op 't langelêst kriget Alice har nocht fan al it ûnsinpraat en jout se har ôf.
 
[[Ofbyld:Alice par John Tenniel 30.png|thumb|upright|In yllústraasje fan [[John Tenniel|sir John Tenniel]], út [[1865]]: Alice hat earst frijwat muoite om [[kroket (spul)|kroket]] te spylen mei in libbene [[flamingo]] ynstee fan mei in houtene hammer.]]