Azteken: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Rigel 27:
 
== De ferneatiging fan it Atzekenryk ==
Neffens in Azteekske leginde soe yn it jier "se aktl" (I-riet, [[1519]]) de god [[KwetzalkoatlQuetzalcoatl]] út it easten komme om syn ryk op te easkjen. Dêr kaam by dat ek foartekens sjoen waarden, lykas in komeet en brân yn de timpel fan [[HuitzilopochtlyHuitzilopochtli]]. Ek waard der in fisk fongen mei in spegel yn syn kop, dêr't [[Moktezuma II]], de Azteekske [[hueyi tlahtoani]], marsjearjende soldaten seach. De Azteken offeren dêrom noch mear minsken. In protte stêden dy't earst bûnsmaten west hienen, kamen hjirtsjin yn it ferset.
 
Doe't de Spanjerts ûnder lieding fan [[Hernán Cortés]] yn Meksiko arrivearren, tochten de Azteken dat Cortés miskien wol [[Kwetzalkoatl]]Quetzalcoatl wêze koe. KwetzalkoatlQuetzalcoatl hie nammentlik in giel burd, krektas Cortés.
Ek wienen de de Azteken ûnder de yndruk fan de skippen, de gewearen en de kanonnen fan de Spanjerts, en ek de hynders en wynhûnen fûnen sy bysûnder.
 
Montezuma twifele of Cortés yndied KwetzalkoatlQuetzalcoatl wie of in gewoane frjemdling dy't inkeld op eigen gewin út wie. Hy besleat Cortés geskinken te jaan en sei him dat it better wie om net nei Tenochtitlan te kommen. Mar de op-goud-sljochte Spanjerts woenen mear hawwe. Sy beslueten dôchs nei [[Tenochtitlan]] te gean, beselskippe troch fijânnen fan de Azteken, lykas de [[Tlakskalteken]] dy't in soad wichtige militêre ynformaasje oan de Spanjerts joegen.
 
De Spanjerts seagen har eagen út yn Tenochtitlan. Nei seis dagen fûnen sy efter in tichtmitsele muorre keamers fol mei goud en jewielen. Koart nei dizze fynst deaden de Azteken twa Spaanske boadskippers. Cortes besleat Moctezuma finzen te nimmen en brûkte him as gizeler. Ek sloegen de Spanjerts bylden fan de goaden stikken en ferbeanen it offerjen fan minsken.