Donkerbroek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Tsjerke: + plaatsje
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
Rigel 10:
}}
[[Ofbyld:Coat of arms of Donkerbroek.jpg|thumb|left|100px|]]
'''Donkerbroek''' is in doarp yn de gemeente [[Eaststellingwerf]], noardwest fan [[Easterwâlde (Fryslân)|Easterwâlde]] oan de [[Opsterlânske Kompanjonsfeart]]. It doarp hat likernôch 1.872 ynwenners (1 jannewaris 2011). Yn Donkerbroek wurdt fan oarsprong [[Stellingwerfsk]] sprutsen. Yn de [[20e ieuiuw]] ûntstie in sterke Fryske ynfloed.
 
== Skiednis ==
Rigel 17:
 
Yn 1408 waard de namme ferskillend skreaun. De namme bestie út twa dielen, nammentlik ‘Dunge’ of ‘Dong’ en ‘broek’ of ‘broec’. Op kaarten komme ek nammen foar mei Dom-, Doom-, Dem-, en Dam-. It twadde diel wurdt skreaun mei: -brouck, -broeck, -broik, -brek en (sels) –brug. Yn de Benefisjaalboeken (1542/1543) stiet Stellingwerf-Oosteinde Dombroeck, en by de tsjerklike besittings Dunckerbroeck. Op de Schotanuskaart (1664) stiet Donckerbroeck en op de Schotanuskaart fan 1685 wurdt foar it earst Donkerbroek skreaun. Broec, brouc, broik of broek betsjut yn it Middelnederlânsk Hânwurdboek: moeras, poel, leech lân. Donc betsjut dêryn: heger lizzend wenstee yn in leechlân, it doarp lei dus op in hichte yn in ‘broec’gebiet.
Meidat Oud Kerkhof (oan de hjoeddeiske Balkwei) op kaarten fanôf de 17e ieuiuw neamd wurdt soene it doarp en de tsjerke heger lein hawwe kind. Te tinken falt dan oan wat no’t Hoogezand hjit. De Stellingwerfske amateur-argeolooch H.J. Popping hat op it terrein fan it Ald tsjerkhôf in liemlaach en brokken readbakte stien fûn dat op it tsjerkje wize kin. By de ruilferkaveling fan 1955 gie it tsjerkhôf ferlern.
Begjin 16e ieuiuw wurdt skreaun dat de tsjerke wijd wie oan Sint Laurentius en it alter oan Sinte Marije. Dan is der in ein komd oan twa ieuweniuwen “Vrije Natie der Stellingwerven”. It wurdt in [[gritenij]] fan Fryslân en yn 1517 splitst yn Stellingwerf-Westeinde en Stellingwerf-Oosteinde dêr’t ek Donkerbroek by heart. Op it begraafplak stiet ek ien fan de [[Klokkestuollen yn Fryslân]].
 
== Skâns Breeberch ==
Rigel 29:
Keunstwurk De Klokkelieder, foar restaurant ’t Wite Hûs oer, is in oantinken oan in foarfal op 22 desimber [[1749]]. Jongelju lieden de klokken om de ynwenners te warskôgjen foar de koamst fan belestingamtners. De amtners, kjel wurden fan de mei [[seine (ark)|seines]] en skeppen bewapene Donkerbroeksters, naaiden út. Martien Lammers, mem fan ien fan de klokkelieders, waard yn 1750 feroardield ta twa jier tichthûs. Har ferwar dat it om Sint Tomaslieden gie waard net leaud.
 
== 18e ieuiuw ==
De belestingkohieren neame yn 1749 322 ynwenners, ferdield oer 74 húshâldings. Ut de neamde beroppen is op te meitsjen dat it om in boeredoarp giet. Sa binne der 6 wevers, 4 skuonmakkers, in timmerman en (fansels) in dûmny. Wa’t gjin ynkommen hie wie feroardield op leadfiedigens, fan ûnder oare de diakonij. De ûndersteuning koe ek yn natura jûn wurde, bygelyks bôle.
Yn de Frânse tiid ferniele patriotten it famyljewapen fan de Lyclama à Nijeholt boppe de yngong fan de tsjerke. Foar de tsjerke oer wurdt dûnse om de Frijheidsbeam en op de saneamde Peggebult (dêr’t no de kristlike skoalle mei dy namme stiet) wurde eksersysjeoefeningen hâlden.
Rigel 36:
De befolking groeit hurd. Folkstellingen leare: yn 1838 137 húshâldings, 670 ynwenners; yn 1850 176 húshâldings, 842 ynwenners. De meast foarkommende beroppen binne dan nnoch altiten boer en arbeider. Fan turfwinning is hast gjin sprake en de yndustrialisaasje giet (ynearsten) oan Donkerbroek foarby. Der komme wol mear ambachtslju, lykas timmerlju, skuonmakkers, smidden, wevers, winkellju, grôtmakkers en weinmakkers. De Befolkingsregisters 1840-1860 en 1860-1880 skriuwe dat der al meardere (praktisearjende?) dokters yn it doarp wennen.
 
== 19e ieuiuw ==
De befolking is meast protestant. By de folkstelling fan 1830 jouwe 11 persoanen (fan de 670) oan dat se roomsk binne. Ds. Hendrik de Cock krijt lykwols nei 1834 ek yn Donkerbroek folgelingen. De notulen fan de tsjerkeriegearkomste fan [[11 maaie]] 1838 fermelden de passaazje “Is ingekomen een brief van Foppe Hinkes Klooster, waarin de zelve verklaart zich af te scheiden van de gemeente en tevens afstand te doen van zijn ouderlingschap. Reactie kerkenraad: “aangenomen voor bekendmaking” en giet oer ta de oarder fan de dei. It oantal ôfskiedenen groeit lykwols hurd en yn 1850 wurdt de kristlik ôfskieden Gemeente fan Donkerbroek ynstituearre. It earste tsjerkegeboutsje stiet noch altiten, mar amperoan as sadanich te herkennen, op it adres Hearewei 98. It hjoeddeiske godshûs waard yn 1912 stichte.
 
Neist de begoedige boargerij wienen in soad dy’t lang en hurd wurkje moasten foar in bytsje jild en dy’t oanwiisd wienen op de diakonij om troch de tiid te kommen. Yn har kasboeken steane in soad minsken mei in útkearing en it beteljen oan earmen fan kosten foar medyske help en begraffenissen. Dat yn sokke tiden nei de drank grepen waard kin opmakke wurde út it grutte oantal taappunten en kafees yn it doarp. Sa koe op it stee fan it hjoeddeiske kafee De Vosseheer midden 19e ieuiuw al in slokje opnomd wurde. Ein 18e ieuiuw stie op wat no Geert Wolter Smitwei is 12 al in kafee mei de namme Het Posthuys. De postkoets die dêr oan, de hyns koene yn de trochreed op ferhaal komme en, sa leart it kasboek fan de Tsjerkefouden, de lokaliteit waard ek brûkt troch neamde pommeranten. Al yn 1797 wurde betellings oantroffen oan “van verteeringen in het Posthuys”, omdat de tsjerkefouden “een brief schrieven (moasten)”, of as der stimd wurde moast oer in te beroppen predikant. Blykber liende de herberch him dêr better ta as it tsjerkegebou.
 
== 20e ieuiuw ==
Om 1900 is de befolking oangroeid nei boppe de 1300 en yn 1938 al nei 2103 ynwenners. Begjin dizze ieuiuw krijt de út it bûtenlân oerwaaide koöperaasjegedachte hjir fêste foet oan de grûn, en ek hjir komme inisjativen fan de boeren. 1902: it koöperative Stoomsuvelfabryk (fuortsetting fan it fjouwer jier earder begûne spekulative molkfabry); [[1904]]: in Koöperative Feriening ta Oankeap fan Lânbouärk en yn [[1911]] de koöperative Raiffeisenbank ‘Donkerbroek’. Alle trije binne al wer ferdwûn. Yn 1911 rydt de earste tram Donkerbroek binnen.
== Keninklike besite ==