Tsjerkemuzyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
 
Rigel 1:
Under '''tsjerkemuzyk''' wurdt [[muzyk]] ferstien dy't skreaun is mei it each op it brûken derfan yn in tsjerklike [[liturgy]].
 
Tsjerkemuzyk is sa âld as de tsjerke sels, hoewol't út de earste tiid net in soad oerbleaun is, foaral omdat âldere [[muzyknotaasje]]-systemen út de tiid rekken. De earste perioade, dêr't bewust yn besocht is om wat oarder oan te bringen yn de liturgyske muzyk, dy te bondeljen en fierder stal te jaan, is de tiid fan [[Karel de Grutte]]. Oan dy tiid tankje wy de earste bondeling fan it [[Gregoriaansk]] en it [[neume]]skrift. Sûnder mis befettet it Gregoriaansk oerbliuwsels út earder tiden, mooglik sels út de [[joaden|joadske]] timpelliturgy, mar dat is dreech oan te wizen. Feit is dat hast acht ieuweniuwen lang de ûntjouwing fan de West-Jeropeeske [[muzykskiednis]], sa net hielendal, dan dochs foar it grutste part, lâns de wei fan tsjerkemuzyk plak hie.
 
Mei de ûntjouwing fan de muzyknotaasje en de [[polyfony|mearstimmigens]] rjochten in soad [[komponist]]en har op it meitsjen fan foaral tsjerkemuzyk, ek al omdat komponisten gauris prysters wiene, lykas bygelyks [[Gregorio Allegri]], [[Gilles Binchois]], [[Philippe de Vitry]] en net te ferjitten ''de Reade Pryster'' [[Antonio Vivaldi]]. Gauris wie dat foar de [[muzikant]](en) de bêste, sa net iennichste, wize om troch de tiid te kommen, net allinnich yn de tsjerke sels, mar ek oan in [[prins]]-, [[aartsbiskip]]lik-, [[hertoch]]lik- of [[keizer]]lik hôf.
 
Troch de ieuweniuwen hinne hat de ''[[mis]]'', of in part dêrfan, in favoryt ûnderwerp foar komponisten west, sels [[protestantsk]]e komponisten lykas [[Johann Sebastian Bach]] skreaune noch yn dy foarm. De gregoriaanske meldijen waarden gauris as basis nommen foar fierdere mearstimmige bewurking.
Inkelde foarbylden fan tsjerkemuzyk, dy't no ek yn de [[konsertseal]] te beharkjen binne:
*''Missa Solemnis'' [[Ludwig van Beethoven]]
Rigel 13:
Yn [[Heverlee]] by Leuven is it [[Lemmensynstitút]] aktyf yn de stúdzje en it ûnderrjocht fan tsjerkemuzyk. It Nederlânsk Ynstitút foar Tsjerkemuzyk, hjoeddedei ûnderdiel fan it Utertsk [[konservatoarium]] en de Gregoriusferiening wurkje nau meiïnoar gear.
 
==Inkelde 20e-ieuskeiuwske komponisten fan tsjerkemuzyk yn it Nederlânske taalgebiet==
* [[Tera de Marez Oyens]]
* [[Antoine Oomen]]