Ferskil tusken ferzjes fan "Universiteit Leien"

Gjin feroaring yn grutte ,  6 jier lyn
omstavere 2015
(omstavere 2015)
 
== Skiednis ==
De [[MidsieuskeMidsiuwske universiteiten|midsieuskemidsiuwske universiteit]] wie in geskink fan [[Willem fan Oranje]] oan de stêd [[Leien]] nei it [[Leidsk ûntset]]. Neffens de oerlevering koenen de boargers as beleanning foar harren dappere ferset tsjin de Spanjaarden kieze út tsien jier gjin belesting betelje of in universiteit. De universiteit waard op [[8 febrewaris]] [[1575]] stifte en krige as motto ''Praesidium Libertatis'', wat "bolwurk fan de frijheid" betsjut, of yn de wurden fan Willem fan Oranje: "''in vast stuensel ende onderhoudt der vryheyt''". Hy finansiere de universiteit mei de besittings fan de katolike abdij fan [[Egmond]] dy't hy yn [[1573]] tegearre mei it kastiel fan Egmond ferwoaste litten hie troch de [[Geuzen]] ûnder lieding fan [[Diederik Sonoy]].
 
De ''"Anty-Paepsche"'' ûntsteansskiednis wêryn't Leien benammen in protestantske tsjinhinger fan it katolike [[Leuven]] yn de Lege Lannen wurde moast, spile yn de fierdere skiednis fan de Leienske universiteit ider kear wer op. Al daliks fûn de Synoade fan Hollân dat har it tafersjoch op it ûnderwiis takaam, dêr't Oranje en de [[Steaten van Hollân]] harren mei sukses tsjin fersetten.
De universiteit siet yn it earstoan yn it Sinte Barbarakleaster, mar ferhuze yn [[1577]] nei it Faliede Bagijnhof oan it [[Rapenburch]], om yn [[1581]] ûnderdak te kiezen yn it konfiskearde kleaster fan de dominikaanske Wite Nonnen oan de oerside fan de grêft. Dat gebou wurdt (nei de nedige ferbouwings) noch altyd as it [[Akademygebou]] fan Leien brûkt.
 
De oanwêzigens fan gelearden as [[Justus Lipsius]], [[Joseph Scaliger]], [[Franciscus Gomarus]], [[Hugo de Groot]], [[Jacobus Arminius]], [[Daniël Heinsius]], [[Willebrord Snel van Royen|Snellius]] en [[Gerardus Vossius|Gerard Vossius]] ferskafte de Leiske universiteit grut Jeropeesk oansjen. Dizze posysje waard ta de ein fan de [[18e ieuiuw]] behâlden troch de reputaasje fan gelearden as [[Herman Boerhaave]]. Bekende njoggentjinde-ieuskeiuwske alumny wienen [[Johan Rudolf Thorbecke]], grûnlizzer fan de [[Nederlânske grûnwet]], en [[Matthias de Vries]], de heit fan de Nederlânske taalkunde. Yn [[1860]] waard [[Robert Fruin]] de earste beklaaier fan de [[learstoel heitelânske skiednis]], wêrmei't in begjin makke waard mei de provisjonele beöefening fan de [[skiedswittenskap]] yn Nederlân.
 
=== Gouden IeuIuw ===
Der wie yn de [[Gouden IeuIuw]] benammen ûnderrjocht yn filosofy en kennis fan de klassike Romeinske en Grykske skiednis. Dêrby waard der ûnderrjocht jûn yn de sân frije keunsten (grammatika, dialektika, retorika, aritmetika, geometria, musika, astronomia). Dizze fakken waarden op frijwol elke universiteit fan dy tiid jûn. Nij yn Leien wie lykwols de skermskoalle. It skermjen moast in naukeurich wiskundich patroan folgje. Hjirút folge de oprjochting fan de 'nederdútske matematyk', it ienige fak yn de folkstaal. Dizze beide lêste fakken hienen benammen in militêre betsjutting en foldienen ûnder mear oan de behoefte fan [[Maurits fan Oranje|prins Maurits]] oan kennis fan besjittingstechniken en fêstingbou yn ferbân mei de Tachtichjierrige Oarloch tsjin Spanje.
 
=== 19e en 20e ieuiuw ===
Oan de ein fan de njoggentjinde ieuiuw waard de Leienske universiteit wer ien fan Jeropa's meast foaroansteande universiteiten. Yn'e earste universitêre legetemperatuerenlaboratorium fan'e wrâld berikte heechlearaar [[Heike Kamerlingh Onnes]] in temperatuer fan mar ien graad boppe it [[absolute nulpunt]] (–273 graden Selsius). Yn [[1908]] slagge it him as earste om [[helium]] floeiber te meitsjen en hy ûntdekte boppedat it ferskynsel fan [[supergelieding]] yn metalen.
 
Kamerlingh Onnes krige de [[Nobelpriis]] yn de [[natuerkunde]] yn [[1913]]. Oare Leidske heechleararen dy't dizze priis krigen binne [[Pieter Zeeman]] en [[Hindrik Lorentz]] foar de beskriuwing en ferklearring fan it [[Zeemaneffekt]]. De fysiolooch [[Willem Einthoven]] krige de Nobelpriis foar de útfining fan de snaar[[galvanometer]], dy't, ûnder oare, de ûntwikkeling fan de [[elektrokardiografy]] mooglik makke.
 
Neist dizze Nobelpriiswinners dreaunen ek de natuerkundigen [[Albert Einstein]] en [[Paul Ehrenfest]], Arabist en islamekspert [[Christiaan Snouck Hurgronje]] en rjochtsgelearde [[Cornelis van Vollenhoven]], de universiteit yn de jierren '20 fan de tweintichste ieuiuw op ta grutte hichten.
 
Op [[26 novimber]] [[1940]] hold de heechlearaar [[Rudolph Cleveringa]], dekaan fan de juridyske fakulteit, in gloedfolle taspraak yn it Akademygebou om te protestearen tsjin it ûntslach fan de Joadske wurknimmers, wêrûnder de jurist [[Eduard Meijers]], de lettere grûnlizzer fan it nije [[Boargerlik Wetboek]]. Om de taspraak te betinken organisearret de universiteit elk jier noch altyd de Cleveringawike, wêryn't oer de hiele wrâld lêzings hâlden wurde.
Ek staakten de studinten. De universiteit waard dêrnei troch de besetter sluten. In septimber 1945 waard hy wer iepene.
 
Oare ferneamde Leienske gelearden út de tweintichste ieuiuw binne histoarikus [[Johan Huizinga]], auteur fan ''Herfsttij der Middeleeuwen'', en de [[astronoom|astronomen]] [[Willem de Sitter]] en [[Jan Hindrik Oort]].
 
De Universiteit Leien hat in stevige ynternasjonale posysje ferwurven ûnder topûndersyksynstituten yn ferskeidene ûndersyksgebieden, wêrûnder de natuerwittenskippen, de genêskunde, de sosjale wittenskippen, de rjochtsgeleardheid en de letteren. Fan de 48 takende [[Spinozapreemje]]s, (de heechste Nederlânske wittenskiplike ûnderskieding) binne der njoggen takend oan heechleararen oan de Universiteit Leien: oan neerlandikus [[Frits van Oostrom]], taalkundige [[Frits Kortlandt]], wiskundige [[Hindrik Lenstra]], natuerkundige [[Carlo Beenakker]], stjerrekundige [[Ewine van Dishoeck]], medysk biologe [[Els Goulmy]], epidemiolooch [[Frits Rosendaal]], pedagooch [[Rien van IJzendoorn]] en natuerkundige [[Jan Zaanen]].
10.424

bewurkings