Russyske Revolúsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Robot: af:Russiese Rewolusie (1917) is een etalage-artikel; tekstwiziging
kt
Rigel 2:
De '''Russyske Revolúsje''' wie in politike, ekonomyske en sosjale omkear dy't it tsaristyske rezjym yn [[Ruslân]] ten fal brocht en in steat fêstige dêr't de [[kommunisme|kommunistyske]] partij de hearskippij yn fierde. Trochstrings wurde ta de Russyske Revolúsje de foarfallen rekkene fan febrewaris oant oktober [[1917]], it tiidrek dêr't de febrewarisrevolúsje en de oktoberrevolúsje yn falle.
 
== Febrewaris RevolúsjeFebrewarisrevolúsje ==
Op [[17 febrewaris]] [[1917]] bruts yn [[Petrogard]] reboelje út dêr't in gebrek oan bôle de oanlieding fan wie. It ûnderdrukken hjirfan mislearre troch oproer fan de soldaten. De [[doema]] stelde in foarlopich útfierend komitee yn, wylst de arbeiders en soldaten sels eigen rieden (sowjets) foarmen. De legerlieding keas de side fan de doema, wêrtroch de tsaar twongen waard ôfstân te dwaan fan de troan. Yn de foarearste regearing ûnder lieding fan foarst [[Lvov]] siet mar ien sosjalist: [[Kerenski]]. De sosjalisten dy't yn twa kampen ferdield wienen hiene lykwols in folle gruttere ynfloed op de massa as de Liberalen. Oeral yn it lân rjochten sy sowjets op, dy't wer provinsjale en lanlike kongressen keazen.
 
Rigel 11:
Yn july waard in nij koalysjereagering foarme ûnder lieding fan Karinksi dy't fêsthâlde oan it eardere programma. Liberalen en konservativen fêstigen har hoop op generaal [[Kornilov]] dy't op [[27 augustus]] in mislearre steatsgreep útfierde. De bolsjewisten profitearren fan de nederlaach en Kerenski ferlear syn grip oer it lân doe't boeren de grutte boerepleatsen besetten wylst fabryksarbeiders harren yn grutte tallen oansletten by de bolsjewisten dy't yn de sowjets fan Petrogard en Moskou de mearderheid krigen.
 
== Oktober RevolúsjeOktoberrevolúsje ==
Ein septimber achte Lenin de tiid ree om yn opstân te kommen tsjin it sintraal útfierend komitee. De foarsitter fan de sowjet fan Petrogard, [[Trotski]] waard belêste mei de tarieding fan de opstân. In militêr revolúsjonêr komitee waard oprjochte en as streefdatum waard de twadde byienkomste fan de al-Russyske riedskongres nommem. Op [[25 oktober]] besetten troepen fan it komitee strategyske punten yn de stêd. De regearing waard ôfset en de ministers arrestearre. Kerenski besocht sûnder resultaat Pegrograd te weroverjen (30 oktober). De bolsjewiken stuiten ynearsten nearne op grutte tsjinstân, útsein yn Moskou en yn Súd-Ruslân. Op [[26 oktober]] begûn it twadde al-Russyske kongres fan de Sowjets dêr't de bolsjewiken de mearderheid hienen en in Bolsjewistyske regearing keazen, de earste ried fan folkskommisarissen, him neamend "foarlopige arbeiders- en boereregearing".
 
[[Kategory:RuslânRussyske Revolúsje| ]]
[[Kategory:Skiednis fan Ruslân]]
[[Kategory:Sovjet-Uny]]
 
{{Link FA|af}}